Tryntsje van der Steege

Skamte en Skuld

logo.ensafh

De gûlende sirene yn de earste sin fan Skamte, it nijste boek fan Auck Peanstra, lûkt de lêzer fuort it ferhaal, en de holle fan de haadpersoan yn. Anke rydt yn de auto efter de sikewein oan dy’t har sechtjin-jierrige dochter Debby ferfiert. Debby hat harsels tekoart dwaan wollen en Anke hat har bewusteleas op bêd fûn. De panyk dy’t dizze situaasje teweibringt is hast taastber yn de earste pear haadstikken fan Skamte. Troch koarte sinnen, springerige gedachten en meallende fragen wurdt de moedstastân fan Anke foarmjûn; de noed om har bern, de argewaasje om minsken dy’t net like hastich binne as sy, en it stûkjende automatisme fan deistige dingen: ‘Panikerich fyn ik mysels in skoftke letter werom, fêstrûn yn it moarmeren labyrint.… Lês fierder

Syds Wiersma

Deadesankje

logo.ensafh

der komt in dei dan brek ik út
dit liif, dan fal ik net werom
as in gleone kat
yn ’e nacht
mar hâld ta by de âlde
timpel fan de siel

wyt myn leave hûd
gjin noed myn faam
ik bin net wei
ik bliuw dy kommende benei
de dea is mar in daam
in saak fan even oer de hikke
hingje en it lân oer dikerje… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ferline kear skreau ik dat men mei sok waar mar it bêste wat yn ’e hûs sitte kinne. Dat is oan ’e iene kant sa, want dy tsjokke mist noeget alhiel net út.

Lykwols is dat net hielendal wier, want der is mear as genôch te dwaan yn Fryslân (en dêr bûten). It ôfrûne wykein hawwe wy it Keppelfeest yn Boalsert hân mei muzyk, poëzij, teater en folle net genôch! De minsken koene mei it moaie waar harren earen en eagen de kost jaan yn de Gysbert Japicx-stêd.

Hjoed begjint it festival Explore the North mei wer muzyk, poëzij en neam mar op.… Lês fierder

Tankwurd Van der Ploeg

logo.ensafh

Tankwurd by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2011

Achte oanwêzigen,

Nei alle goede wurden dy’t hjir sprutsen binne, wol ik noch in pear dingen sizze. De takenning fan de Gysbert Japicxpriis foar myn hiele oeuvre, tsjûget fan grutte wurdearring. Dy wurdearring komt op my oer as de erkenning fan in heale ieu skriuwen. Net dat ik op dy erkenning siet te wachtsjen, want wurdearring freget geduld en ôfwachting. Boppedat, jo komme stadichoan op in leeftiid, dat jo jo neat mear sizze litte. Dêrby, it grutte tal lêzers fan myn wurk sjoch ik as in wichtich ûnderdiel fan dy erkenning. Lykwols, wurdearring of net, skriuwe is foar my in libbensferlet.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

In perfekte titel

logo.ensafh

‘Wot Frysk? Wâldfrysk!’, it earste wurd yndied mei in o!, stiet yn grutte giele letters op ’e efterside fan ’e slúf fan ’e lp Teiwaar yn Tytsjerksteradiel fan Strawelte út 1989. It Wâldfrysk dat dy willepunkband út Droegeham en (wat fierdere) omkriten yndertiid – en letter ek by har geregelde reunys (dêr’t de lêste kear sels de grutte hit ‘Mem fan Doutzen’ út fuortkaam) – brûkte, waard skaaimerke troch in heech persintaazje ‘ynslûpsels’. Ynslûpsels út it Hollânsk wei en út ’e krektneamde omgongstaal fan ’e bandleden, fan wa’t de measten de namme oars as ‘Woodfrysk’ útsprieken.

Dat ynslûpselrike ‘Woodfrysk’ liket de lêste tiid frijwat opgong te meitsjen yn ’e Frysktalige lichte muzyk.… Lês fierder