Anneke van Renssen, Willem Winters

Pieck en Rackham/Dada Wykein

logo.ensafh

Pieck en Rackham

Hoe moatst dit neame. Is it minne keunst of is it keunstich tekenwurk?
Wy wiene yn Hattem fanwege it Anton Pieck Museum. Want Pieck hat my yn myn jonge, jonge jierren knap yn ‘e besnijing hân mei syn fantastyske printen by de Sprookjes van Grimm. Inkele fan dy kleureplaten spoekje my noch altiten yn ’e harsens om.
‘De oude Lucifer is met Speelhans aan het spelen.’ Hokker wêzens meie dat wol net wêze? De twadde print dy’t my de grize oer de grauwe besoarget is dy mei in grauwélige draak, dy’t boppe in skip hinget, de jager sjit op him.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (02)

logo.ensafh

Haadstik twa: Risselwaasjes foar de Reis

Letter dy jûns skille Sybe by buorman Baarsma oan, in pinsjonearre learaar Dútsk, dy’t ek yn it goede kamp siet. Hy hie help nedich om it yn Goatysk masineskrift skreaune brief te ûntsiferjen. Baarsma syn skerpe eachjes begûnen te glinsterjen efter syn brilleglêzen, doe’t er it yn plechtich Dútsk opstelde skriuwen lies.
‘Ik mei jo wol lokwinskje, Rinzema!’ rôp er mei syn wat skriemerich lûd. ‘Jo krije in reiske oanbean!’
Baarsma fette it brief gear: Rinzema waard, op grûn fan syn fertsjinsten foar de Fryske literatuer, útnoege om, yn de Dútske boekewike, diel te nimmen oan it jierlikse dichterstreffen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Hoe maklik men ynkognito gean kin, is net te leauwen. En mei maklik doel ik derop dat men dêr gjin grutte muoite foar hoecht te dwaan. In sinnebril is nammentik al foldwaande. En in pear moaie giele klompkes.
It komt nammentlik gauris foar dat ik sa op ’e fyts myn – meast – deistige blokjes om fyts en dan ek wolris in bekende tref. Dy groetsje ik dan, en krij meast in groet wer werom. Lykwols is dy groet fakentiids in plichtmjittigenien. Je wurde groete, dan groetsje je werom. Sa giet dat. Ofrûne saterdeimoarn herkende in redaksjelid my net iens.
As sa’n simpele siel as my sa maklik ûnherkenber wêze kin, moat it foar grutte stjerren ek te dwaan wêze.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Boekefeest 2011

logo.ensafh

Jelle Zwart en Sjieuwe Borger. Rjochts op  ‘e eftergrûn Corinne Staal en Elske Kampen.

Petear mei Pier Boorsma: Klik hjir.

Klaas Bruinsma draacht in Dútske oersetting foar fan in gedicht skreaun troch Douwe Tamminga. Klik hjir.

Petear mei Steven H.P.de Jong. Klik hjir.

Optreden fan Ilanois, mei har earste Frysktalige nûmer. Klik hjir.

Petear mei Ate Grypstra. Klik hjir.

Fan lofts nei rjochts: Ruurdtsje de Haan en Jetze de Vries. Lês fierder

Freda Kamphuis, Jacobus Q. Smink

Freda Kamphuis: twa gedichten

logo.ensafh

Yn Satie

As lytse losse baarkes
batskje der klanken
troch de keamers
draaie har
om alles
hinne

ien
slankje
fan klanken
kronkelet oer-
stadich om har ankels
sobbet súntsjes oan har teannen.

*

In Satie

Als kleine losse golfjes
kabbelen er klanken
door de kamers
draaien zich
rond alles
heen

één
slangetje
van klanken
kronkelt tergend
langzaam om haar benen
sabbelt zachtjes aan haar tenen.

Tearst

Sy siket hjoed
har grize blommen
bledsjes broazel
as jiske
fan ferstoarnen.

Skikt dizze
yn de lege faas
blaast bledsjes
ta in waas
dy’t alle keamers folt.

*

Teerst

Zij plukt vandaag
haar grijze bloemen
blaadjes broos
als as
van overledenen.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

grasmaaierheroïek met Tourette syndroom

logo.ensafh

halfgodgemingd dubbel … kut … fan de retoryk
bin ik. Dut werk is … godferdomme kut … is fan
’n slemilighyd, dat wilst wete niet. Co-auteur
fan biologyboeken foor de bovenbou. In elk
gefal … hoddomme kut! … onder de maat, ha!
Geef mij ’n halve maan of ’n juninacht wêrin
’t hest niet … Kristus … donker wort. Maar dut!
Gegriem fan ’n gemeentemaaier, maaipatroanen,
’n stoet parkeerwachtscooters like laf as ’n boete
dinsdegoffen froeg, ’n fyts in de fiver gooid,
snijende herry … godferdomme kut …
syklys skerp bot na binnen richt gyn grâs
snijend, droog woordhooi gaat op in de
fergetelhyd fan de soade, de bron.… Lês fierder