Cornelis van der Wal wol hawwe dat ik him ris flink yn ’e bek hingje. Der moat wer wat mear deilis komme yn ’e no brave Fryske literatuer. Mar dan moat it ek net sa ferrekte maklik wêze om der tusken te kommen. De redaksje fan ensafh hie steefêst út elitêre literêre oerwagings myn poëzij wegerje moatten en my alhiel net yn de redaksje freegje moatten. Faaks hie ik dan wat opstanniger wurden en lange polemiken skreaun yn in eigen oprjochte tydskrift. Mar ik sit hjir no in jier yn de redaksje en haw it altyd noch poerbêst nei myn sin.… Lês fierder