Jelma Knol

Oantinkens oan Tiny Mulder

logo.ensafh

No’t Tiny Mulder (berne yn Beetstersweach op 2 april 1921 en ferstoarn tongersdei 4 novimber 2010) net mear ûnder ús is, is it tiid om stil te stean by har wurk en har libben.
Sûnt de santiger jierren lies ik har poëzy en yn 1983 kaam ik foar it earst mei har yn ’e kunde, doe’t Megiel Muller en ik har ynterviewden yn Jellum foar FRYX. Se siet doe noch folop yn har wurk foar it Friesch Dagblad. Dêryn hie se har fêste rubriken en se skreau resinsjes oer de Fryske literatuer. Koarte, puntich formulearre besprekken dy’t rjocht diene oan it wêzen fan elk boek dat yn de krante oan de oarder komme moast.… Lês fierder

J. Slauerhoff, Andries Miedema

Feest

logo.ensafh

Foar ’t feest wienen de sealen toaid,
de kelders iepen, de waaiers ûntploaid;
eat moaiers wie nea toand.
Mar no’t de ein komt fan ’t gelach
rop ik fan wee en ach.
Wee en ei,
om’t it net fierder troch giet
en net foar ivich bestiet.
It wurdt hast dei.

Fjouwer bokalen stienen dêr’t ik sûpte,
sieten noch trije drinkers,
tinkend oan gjin dei.
Doe’t it ljocht de seal yn slûpte,
kaam de duvel ús nei,
helle al de skinkers
en de nacht stiet op ’e weach.
‘t Waard noch letter;
oan ’e beek lis ik, drink wetter
en de lêste maat fan my
dy’t myn skande seach
wol te wurkjen op syn ikker
want de wrâld wurdt wekker
en heart oan de dei.… Lês fierder

Skermer

De Wei fan Ernesto Che Guevara (1928-1967)

logo.ensafh

che-yn-1951

che yn 1951

Ut Reisoantekens 1), it ferslach fan in reis op ‘e motor troch Latynsk Amearika dy’t Ernesto yn 1951-1952 makke mei syn freon Alberto Granado (it begjin):

‘Dit is net it ferslach fan yndruk meitsjende heldedieden, mar it is ek net allinne mar in ‘wat synysk ferhaal’; sa is it alteast net bedoeld. It is in haadstik út twa libbens dy’t op dat stuit in skoft mei-inoar op gongen, mei mienskiplike aspiraasjes en dreamen. In minske kin yn njoggen moanne fan syn libben oan in protte dingen tinke, fan ferheven filosofyske bespegelingen oant de leech-by-de-grûnske langst nei in board sop, al nei’t er de mage fol hat of net; en as er dêrby ek noch in bytsje aventuerlik ynsteld is, kin er yn sa’n snuorje mominten trochmeitsje dy’t faaks ek foar oaren nijsgjirrich wêze kinne en dy’t foar de fûst wei opskreaun, sa’n bytsje de ynhâld foarmje fan dizze oantekens.’… Lês fierder

Willem Winters

Agnita Feis

logo.ensafh

Freegje ris: wa wie de frou fan Theo van Doesburg [1883-1931]. Hast elk komt dan mei Nelly. Sy en Theo diene mei oan de lêste Dada fjildtocht troch Nederlân yn 1923, dy’t yn Drachten einige mei it ferneamde optreden fan Kurt Schwitters. De Doesburgen en oare dadaïsten lieten it hjir oan Schwitters oer. Oant safier bekende kost.
Dêrnei bringt it boek Avantgarde! Voorhoede? 1) dat ik foar in pear euro’s op de iepen dagen fan Steven Sterk keapje, my op in nij spoar. Want dêryn fyn ik in opmerking oer de earste frou fan Van Doesburg: Agnita Feis [1881-1944], wylst ik net iens wist dat er mear froulju hân hie.… Lês fierder

Piter Boersma

In bekearing mei help fan kofje

logo.ensafh

Yn syn nije dichtbondel Op ‘e kofje yn ‘e kosmos fertelt Jouke Hylkema yn dichtfoarm in ferhaal. It is in wûnderlik ferhaal en dat ferhaal is getten yn in wûnderlik tekstgehiel. De wiidweidige flaptekst makket de lêzer yn it foar paadwiis en dat is yn dit gefal moai meinommen (der stiet sels mear as yn de bondel sels oan gegevens te finen is): ‘Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei “Sodom-y’. De NASA tinkt bewiisd te hawwen dat it libben op ‘e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan it libben op ierde.… Lês fierder