Jelle Zwart

De wite hoed

logo.ensafh

Stil leit de wite hoed.
Dûnset, sweeft of
farkelet net fan ’t wetter.
Hoedet gjin holle,
heint gjin gûnen
foar muzyk.
Smoarget net.

Leit op huoddeplank
en rydt sa troch de stêd.
Dêrhinne, lâns de âlve diken.
Lichtet kwier himsels
foar kreaze froulju.
Somtiden mei in glimk,
in âld en eptich minske.

In bleate holle efter it stjoer
fynt paad. De wite hoed
syn master.… Lês fierder

Koosje Melis

Mobyl

logo.ensafh

He, ferdoarje, dat ha ik wer. Sit ik krekt lekker yn ’e trein, ien fan de lêste frije plakken, de sinne leech dat ik sakje ûnderút om lekker te sûzjen oant ik thús bin, pakt dy jonge neist my dy’t ik krekt ynskatte as in geskikt figuer om nêst te sitten (ik sykje altyd wat swijsum útsjende minsken, type Volkskrant- lêzers, thermoskanne-meitôgers) in stikje bôle út de tas en begjint dat mei folle omballingen op te iten. Sjoch, dêr hie ik tenminste gelyk oan, der binne nammentlik noch minsken dy’t altyd in stikje bôle foar hongerige mominten paraat hat, en ornaris binne dat minsken dêr’t fierder neat mei te rêden is.… Lês fierder

Ate Grypstra

Besite

logo.ensafh

in huvering lûkt troch de bosk
it wetter wurdt spegeljend flak

gjin fûgelflecht mear no, in mosk
sit triljend yn it fearrepak

wa rint dêr troch it blêdedak
wat dûnset dêr om op ‘e mar

it spoeket

            in skym

                        seachsto har… Lês fierder

Henk Wolf

Fragmint

logo.ensafh

Direkteur Taribary wie net in praatsk man. It measte lipwurk die syn adstint, de jonge Goerigok, foar him. No sweien beide manlju lykwols. Se sieten njonkeninoar op it foarkret fan in rykrakkige kapwein, dêr’t in bulte barten op loege wie.

‘Sjochst de himel?’frege Goerigok, dy’t in soarchlike trek om ‘e mûle hie. De oare knikte.

‘Ien jûntiid en dan fuort?’

Fannijs knikte syn prinsepeal. Hy bloes in kringeltsje sigarereek út. ‘Op syn heechst,’seid er.

Se swaaiden in dwerspaad op. Slierslakjend kaam de rest fan ‘e staasje nei. Fjirtich wenweinen, ferdekken en karren, de measte útsakkerich, opskroarre en kreakjend, toatelich mar fleurich opferve, soeiden mei de stadige stap fan skuilige brune en swarte hynders op Emsterskar yn.… Lês fierder

Jelle Zwart

It hat sa west

logo.ensafh

Fan hynderterpen
de droechten yn folle see
faai heech it wetter.
 
 

In fynst fan minsken
oars foar ’t ferstân de happen
misbegryp op ’t Waad.
 
 

Technyk har brekken
natuer har oare wetten
gjin fan beide ’t paad.
 
 

Seis hynderfroulju
fan âldtiids de ynstinkten
har dyk ta behâld.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Van het verloren moederland / De moeder de taal

logo.ensafh
Aantekeningen bij de poëtica van Abe de Vries

Het doel van elke vorm van commentaar op kunst zou moeten zijn om de kunst, en zo onze eigen ervaring, echter, directer te maken, niet mínder echt.

Susan Sontag, Tegen interpretatie

Hoe langer ik met poëzie en in dit geval de poëzie van Abe de Vries bezig ben, hoe meer ik het een raadsel vind hoe je ooit iets goeds over poëzie kunt zeggen. De taal ontsnapt me. Om over gedichten iets te kunnen zeggen is een grote concentratie nodig. Je moet je afvragen waarom, door wie en waarom op die manier die woorden daar in dat boek staan.… Lês fierder