Jaap Krol

Krollum | Normaal

logo.ensafh

Bennie Jolink is sjonger, skilder en motorkrosser. Dat is net ienfâldich. Sa sjogge je nei Picasso, sa skriuwe je ferskes mei as titels Ik bun moar een eenvoudige boerenlul en Politiek.

Yn Amsterdam is it foar Jolink allegear begûn, om’t er tusken tusken al dy hippe fûgels útlake waard om syn Achterhoekse aksint. Hy wol der leaver net oer prate, sa traumatysk wie it.

Mar Jolink wie mar wat bliid dat er útlake is om syn tongfal. No koe er syn rol as nasjonale provinsjaal ferdjippe en oant de dei fan hjoed sizze dat er yndie mar in ienfâldige boerelul is en al dy tiid hiel gewoan bleaun is.… Lês fierder

Wieke de Haan

De hûnsdagen fan Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Durk van der Ploeg is ien fan ús meast produktive skriuwers fan dit stuit. De stichting Bibleteken Midden-Fryslân hat skriuwer Van der Ploeg frege om yn opdracht in roman te skriuwen dy’t oan bibleteekdirekteur Frans Sijtsma by syn ôfskied oanbean wurde koe. De – foar Van der Ploeg begrippen – tinne roman is gelokkich ek foar it lêzerspublyk te besetten.
It boek De hûnsdagen hat as ûndertitel, of as nijere yndikaasje de folgjende tekst meikrigen:

In eigensinnich en byldzjend skreaune roman fol passy, humor en tragikomyske taferelen’. It is werklik sierlik foarmjûn, middels in omslach mei in gazen jute-oansjen en in losse bân deromhinne en mei in bypassend lêslint ferfolmakke.

Lês fierder

Jelle Zwart

Fjouwer pylders

logo.ensafh

Jûn komt
oer sinne.
As gjin ljocht
mear skynt,
hâldt fêst
doch net út.

Bewarje ’t skimerskynsel
fan wat net is.
Weagje ’t tjuster
as it ljocht
dat gjin is,
doch net út.

Nip de râne
rânerûn de nacht.
Priuw ’t as âlde jenever
ten earsten hieltyd.
Rin de râne rûn
en wachtsje op.

Nim dan slok.
Net troch drinken
dochs te nippen
oan it tsjuster,
wêryn dyn hope,
dyn neuksel
ferburgen lei.

Om’t fjouwer pylders
fan sjippestien, moarns
myld te wachtsjen stean.
Weagje.… Lês fierder

Edwin de Groot

Jong fan geast

logo.ensafh

De middei is healwei
de knipperkes dien
‘t is tiid foar tee tsjettelfol

De sliep hat it net ferdreaun
de jacht op doedestiids
dreamen tewekker gelyk

Yn har eagen in simmerjurk
it dûnsjen op freedtejûn en
dernei tútsje op ’e hoeke

En winterdeis swart iis
pronkride op de baan by skimer en
de rook fan waarme poeiermolke

Hja fielde him dwerstroch
syn leaden jas hinne
wylst izer it wetter bruts

De middei is healwei
it dûnsjen hâldt net op
de baan is fan har… Lês fierder

Edwin de Groot

Ferekerje

logo.ensafh
….winter, wen aan dat woord

C.O. Jellema

Slûpendewei wurdt it ekerlân bút
fan wytgrús gluorjend yn de fuorgen
in loft dy’t izich swart
syn fracht oanseit

In heiljacht lit it kreakje
skulpen op ruten en fûgels
te klomsk om har noch
tsjin de wyn te kearen

Myn hûd is net in jas foar de winter
foar skaad hast te tin
stoot dyn swijen
as snie troch de seamen… Lês fierder