Anne Feddema

Preker

logo.ensafh

Alle dingen meitsje sa wurch, gjinien kin se allegear neame. It each rekket net útsjoen en it ear net útharke.

In stikmannich fan ’e jonges wie efkes sitten gean, in bytsje slûgje yn it sintsje. Yn ’e fierte klonken no en dan djippe dreunen ôfwiksele mei koart ratteljen fan automatysk gewearfjoer. Wurden klonken der net, der wie net ien dy’t der op dat stuit ferlet fan hie om wat te sizzen.
De measte fan ’e manlju om him hinne hienen bynammen krigen.
Dy keardel dêro wie ‘De Slachter’ om’t er in skoftke lyn, op it hiem fan in stikkensketten pleatske, ûnder begelieding fan ’e entûsjaste gjalpen fan keardels fol mei adrenaline de kop fan in libbene hin ôfbiten hie.… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

De earste ynslach

logo.ensafh

 

 

 

Meast
Nei de earste ynslach
Strûpe guon fermogens derûnder

Rekkene neffens de klap
Krekt oerein
Net betize oer belies jaan
Weagje wy ús
Yn de nacht
Oer it skansearre paad

Sûnder bangens foar de grutte fan dit lijen
Net hindere troch staffens en nachtblinens
En miskien de sinleazens fan dit protest

Om lûd en sicht werom te heljen

Rekkene neffens de slaggen fan it hert
Ivich betûft en nea fernuvere
Weagje wy ús
Yn de nacht
Op wei yn it skeinde lichem
Mei foarop de wite flagge

Wilens
Komme de fermogens stiloan oerein
Longerje yn de nearens
Sy binne fan ús
Wy hâlde fan har
Bongelje fierder
Sette sa troch nei moarnier
It gehoar wer klaaid mei lûd
It sicht mei ljocht

Soks is reden om fleurich te wêzen

Lykwols

Betink
Leafde & freonlike wurden sille omkomme
Fermogens derûnder strûpe
Dochs fergean
As dat allegear in rimpen & ûnbetochtsume died is
En aansens yn ferneukt nije sprake
It útmergele & oanfretten bestân op tafel leit (in misdied)
Leafde & freonlike wurden sille omkomme… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Wêr bliuwe de froulju?

logo.ensafh

Lêzing Janneke Spoelstra

CFH septimber 2022

Wêr bliuwe de froulju?

Dat haw ik my faak ôffrege as ik siet te kopijlêzen foar Ensafh, it iene fers of ferhaal nei it oare fan manlju, en inkeld ris in bydrage fan in frouminske dêrtuskentroch. Ik haw it ek wol tocht op dichtersjûnen, as ik de line-up seach.

De titel fan dizze lêzing slacht dan ek op ’e froulju dy’t der al en dy’t der net binne yn ’e Fryske literatuer.

1 Yntroduksje

Dizze lêzing giet oer it ynterviewprojekt, dêr’t ik yn maart mei úteinset bin. Yn ’e Redaksje Literêre Rigen bestie al in moai skoft de winsk om in update te meitsjen fan Jelma Knol har essay ‘út syn aerd wei froulik’ , de Fryske dichteressen en it misferstân (1993).Lês fierder

Anne Feddema

Jochem Hamstra: Bringer fan tsjuster ljocht

logo.ensafh

Yn in petear mei Gitte Brugman yn de LC 21-10-2022 seit Jochum Hamstra dat er no dwaande is mei skilderijen mei in lânskiplik útgongspunt.
Dêr wachtsje ik op. Iderien dy’t fan earlike, treflike skilderkeunst hâldt moat ûnderwilens Hamstra syn nijste útstallingen sjen. Jochem is gewoanwei ien fan ’e grutste Fryske skildertalinten fan ’e lêste fyftich jier.

Wêr is Hamstra te sjen? Museum Belvédère Hearrefean oant en mei 29 jannewaris 2023 en yn Galerie Alta Bosca op ’e Gerdyk oant en mei 4 desimber.

As jim de wurken fan Jochum Hamstra yn it echt sjoen hawwe, soene jim dizze skôging mei myn kommintaar by guon skilderijen lêze kinne.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Etiketten

logo.ensafh

Ik moast etiketten ha foar myn fotomappen. Mar dy koe ik net fine yn de mega grutte boekwinkel dêr’t je eartiids in bibleteek yn ha koenen.
De boekwinkel yn myn jeugd wie in lyts skiterich winkeltsje, mar se hiene dêr wol etiketten. Ja, wat hiene se dêr net? Koesty de kont der hast net keare, mar álles wie der dêr’t je doe ferlet fan hienen.
BIC balpennen, potleaden, vulpennen, blauwe, swarte, sels reade inket, puntsjeslipers, gumkes, kleurpotleaden, nytsjes, ilastykjes, lym. Tekenboeken, kleurboeken. Carbonpapier. En noch folle mear.
Boeken fansels en planken fol kleurige berneboeken.
Dat is itselde bleaun.
Hoe hjitte dy ferlegen man yn dat winkeltsje ek al wer?… Lês fierder