De man hie in kreas learen jek oan en in brune ‘newsboy-cap‘ op ‘e holle. In pensionado, mar noch net sa lang, skatte ik yn. Hy hie it mar dreech mei it winkelkarke, it iene foartsjil woe net rjocht, it trille en skodde en draaide net lyk op mei de oare trije tsjillen. It weintsje luts hieltiten de kant op fan de muorre, krekt dêr’t it net hinne moast.
Ik stie foar de winkel te wachtsjen, want ja, koroana, en dan mei der neffens de hjoeddeiske winkelregels mar ien fan de húshâlding de winkel yn. Sa hie ik moai even tiid om de boel hjir te observearjen.… Lês fierder