Blog Wobbe Atsma: Mienskip

logo.ensafh

It is nuver, mar elkenien seit hoi, moi of goeie ast hjoed de dei even in slach troch de buorren dochst, dat wie neffens my foarhinne selden sa. Benammen poerfrjemd docht it stelselmjittich, net oars as wie it regele by de wet. Dochs is alles fierders noch by it âlde. De maitiid lûkt wer yn de moaiste simmerklean oer it lân. Blommen baaie hast alle dagen yn it blau fan de skjinne loft en it fûgeltsjeguod spaant yn kommisje mei kabaal troch de hagen en beammen.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Blog Jaap Slager: Nederfrysk

logo.ensafh

Eale stalke,

It is in ferlerne striid, haw ik noed, de striid foar it Frysk
Der binne witte folle striders foar it Frysk, dat is sa, mar hja stride fral… tsjininoar. It útgongspunt binne se it wol oer iens, sa net, mar it hoe en it het… oe heden! As ien fan harren ropt “Lit ús it ris dus en sa besykje!”, dan wurdt der net mei sân pear earen harke en dêrnei meiinoar redendield oant der in mandélich stânpunt is… och heden, nee! Foar´t de útsteller goed en wol útpraat is, dûke de striders al yn ´e rinfuorge fan it eigen gelyk.… Lês fierder

Teleks: Wa skriuwt in essay oer feroarjende tiden?

logo.ensafh

Yn it maaienûmer fan DE NIJE wurde lêzers en oaren frege om yn de foarm fan in wedstriid mei te dwaan oan it skriuwen fan in essay mei as tema ‘Nei 75 jier/feroarjende tiden’. De befrijing is 75 jier lyn. It is net om ’e nocht dat der rom omtinken oan jûn wurdt. Jo hawwe foar sa’n essay in soad mooglikheden. Sa besteane ferskillende ynstânsjes 75 jier. It essay moat skreaun wurde yn it Frysk of ien fan de streektalen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Johan Veenstra: Mien ni’je boek naor de Stellingwarver Schrieversronte maild

logo.ensafh

Een schoffien leden he’k de 26 heufdstokken van mien ni’je boek naor de Stellingwarver Schrieversronte maild. Daor hebben ze d’r ien lang verhael van maekt. Mar ja, wat bi’j mi’j kursief was, is dan inienend niet meer kursief. Waor een regel bi’j mi’j inspringt, springt die regel dan soms niet meer in.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder