Beart Oosterhaven

Feteranefolk

logo.ensafh

2019 wie in produktyf jier wat de feteranen ûnder de Frysktalige sjonger-lietsjesskriuwers oanbelanget. Begjin febrewaris kaam fan Sytse Haima (*1960) syn twadde solo-album Tsjin better witten yn? út en yn july respektyflik augustus ferskynden, fuort efterinoar, de cd’s Op ’n Paad fan Gurbe Douwstra (*1954) en Set ’m op fan Jaap Louwes (*1955) en syn begeliedingsgroep De Lossebinde.

Sizzenskrêft

Op ’n Paad is it fjirde album fan Gurbe Douwstra, nei Dizze stoarm (2001), Myn eigen paad (2005) en Thús (2010). De skiif telt yn krapoan fjirtich minuten tsien nûmers, allegearre op tekst fan ’e útfierder Gurbe Douwstra sels. Wat it sjongen oanbelanget, lit Douwstra him yn ’e koarkes bystean troch it natuertalint Gerbrich van Dekken.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Molwrot: eilannen, de see, Mahler

logo.ensafh

Eilannen haw ik wol in swak op. Dat sil foar de haadpersonaazjes fan Molwrot ek wol wier wêze: net allinnich reizgje dy ôf nei Peaske-eilân, se lykje harren eigen libben ek as in soartemint fan eilân te beskôgjen. It jildt foar Seleina, foar Catrinus, faaks sels foar de oare personaazjes dy’t yn Piter Boersma syn boek foarbykomme. Mar it kin ek wêze dat iksels der te eilânsk nei sjoch. Ik skriuw dit besprek dan ek op Teksel, it eilân dat sa grutsk is op syn histoaryske bân mei Peaske-eilân (mar dêr’t mollen net foarkomme).

Molwrot is troch Boersma syn útjouwerij Hispel útbrocht as in roman.… Lês fierder

Martijn Kingma

Nije lêzers winne foar de Fryske literatuer yn (KH)2018

logo.ensafh

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 binne allerhanne projekten opset om de Fryske kultuer út te dragen, en literatuer is fansels in wichtich part fan kultuer. No is it ek sa dat taal lestich te ‘marketen’ is. Je kinne kieze foar in ynklusive oanpak, lykas it talepaviljoen OBE op it Aldehoustertsjerkhôf mei it motto “alles is taal”, mar je kinne ek kieze foar in wat konvinsjonelere oanpak en de Fryske literatuer oan in breder en nij publyk presintearje. Ik sil yn dit resinsje-artikel twa boeken besprekke dy’t dat op hiel ferskillende wizen besykje te dwaan: Salang’t de beam bloeit (hjirnei SDBB) fan Joke Corporaal en Swallows and Floating Horses (hjirnei SFH) fan Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

In album stiiffol hits

logo.ensafh

Begjin febrewaris fan dit jier brocht Sytse Haima fan Weidum syn twadde solo-cd Tsjin better witten yn? út. It is in skiif fol mei bysûnder goed yn it gehoar lizzende, oansteklike nûmers wurden, dy’t tekstueel én muzikaal suver sûnder wryt of slyt binne.

Townes Van Zandt

Multy-ynstrumintalist Sytse Haima hat, nei syn aventoeren mei de melodieuze punkrockband Kobus Gaat Naar Appelscha (dêr’t er elektryske gitaar yn spile) yn ’e jierren 1985-1989, winlik altyd muzikaal warber west op ’e snijflakken fan folk, country, bluegrass, pop en rock. Dat is foaral goed te hearren op ’e njoggen albums fan it duo Pigmeat, dat Haima tusken 1989 en 2009, tweintich jier lang, foarme mei in oare multy-ynstrumintalist: Jan(kobus) Seunnenga.… Lês fierder