Anne Feddema

Yn ’t ferfal

logo.ensafh

Alles is slimmer fansels. Och heden, jo kinne genôch betinke. Tsunami’s, brân yn ’e Notre Dame, oarloch, komselden ‘likes’ op Facebook.
Ik woe it oars hjoed efkes hawwe oer ferfal dat foar de measte oare minsken bûten it sicht bliuwt. Utsein toskedokters en mûlehygiënisten. Of je moatte sjonger wêze yn in band en in hiel min gebyt fan ’e speed hawwe of soks. Dit giet oer myn tosken en kiezzen, ja, en ék oer dy fan jimme. Want lêzers: ik bin jimme en jimme binne my, no ja, yn myn kollums alteast.
Tusken kryst en nijjier, fan dy letargyske dagen, net om troch te kommen.… Lês fierder

Syds Wiersma

Galway2020 (1)

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed it fjirde ferhaal.

Galway2020
Diel 1

It is dat Galway de Corrib hat, oars soe ik it der net lang úthâlde. De stêd stiet my slim tsjin, dy earste dagen dat ik der tahâld. Mei mysels ferlegen doarmje ik troch de strjitten. Kinst yn it sintrum oer de koppen wol rinne en ik haw gjin idee wat ik sykje.… Lês fierder

Henk Nijp

Pisa(ng)

logo.ensafh

Se sille it sels wol nea ûnder eagen krije, de pubers fan hjoed, de soarchlike rapporten oer it nivo fan harren lêzen. De lêsfeardigens fan de 15-jierrigen yn Nederlân kachelet wér fierder achterút. Want lêzen is saai en rapporten oer lêzen binne fansels hielendal kânsleas. Lange teksten litte se yn elk gefal al lizze en der wurdt tsjintwurdich inkeld mar lêzen as it moat. It Pisa-rapport (fan de Oeso) lit sjen dat it lêsnivo yn fergeliking mei eardere jierren hieltyd minder wurdt, mar ek yn fergeliking mei de lannen om ús hinne, hurd sakket. Dat lêste is in faai teken. Wêrom fine bern yn Dútslân, België, Frankryk en neam mar op it lêzen net sadanich saai dat se der beroerd fan begjinne te lêzen?… Lês fierder

Willem Winters

oer myn fûgels en in pear oare bisten

logo.ensafh

fan wat fljocht dêr oant it fûgelhûs

Ik krige de diereleafde- mei syn dûbelsinnichheden – fan hûs út mei. Berne yn 1946, spilet it begjin fan dit ferhaal him ôf yn de jierren ein 50, begjin 60. Wy wennen yn it dûbele arbeidershûs op de Pôle fan Siebenga oan ‘e ein fan de Badwei nûmer 52 op It Hearrenfean. It boekje mei de titel Wat vliegt daar? [1957] wie de bibel fan myn jonge jierren. Ik haw it noch altiten en brûk it ek. De yndieling is helder en it jout genoch bysûnderheden, sa as it lûd fan de fûgels, om se fluch te determinearjen.… Lês fierder

Lomme Schokker

De earste fan Handke

logo.ensafh

Mei hopen drokten is der gjin behaachliker putsje as in yngeande werskikking fan de boekekasten. De hannen út de mouwen en in oare systematyk oanbringe yn eat dat yn wêzen in nije oarder hielendal net nedich hat, op in stuit dat der eins needsaakliker dingen barre moatte en dit alles inkeld en allinne foar myn eigen wille. Dizze kear wie it tinken om de Hollânske skriuwers net apart te hâlden, mar alfabetysk tusken it Ingelsktalich spul te setten en werklik, it skikte krekt en kreas op alle planken. Dat wol sizze, der bleaune ynienen samar sa’n tsien boeken oer, dêr’t yn de kontekst fan de nije oardering wûnderbaarlik gjin plak foar wie.… Lês fierder

Syds Wiersma

Brandon Creek

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed diel 3.

Brandon Creek

Sneintemoarn betiid. Moai helder waar. Neffens Helen, de boerinne by wa’t ik in keamer hier, is de oseaan hjoed in skoathûntsje. ‘Kinst it der wol op weagje,’ seit se. ‘It kin wolris let wurde foar’t ik jûn thús bin,’sis ik. ‘Ik wit net hoe’t it komt as ik tsjin ’e jûn noch fan de westein fan Dingle nei Camp weromlifte moat.’… Lês fierder

Goffe Jensma, Kirsten van Santen, Coen Peppelenbos

Sjueryrapport Piter Jellespriis 2019

logo.ensafh

Kirsten van Santen over Jannie Regnerus, Nachtschrijver

Beeldend kunstenaar en schrijfster Jannie Regnerus schreef met Nachtschrijver een ‘slow book’. Het is geen fastfood, geen hamburger die je snel naar binnen schrokt. Nachtschrijver is een werk om langzaam, geduldig, voorzichtig van te proeven.
Een ontmoeting met de blinde schrijver Tsjêbbe Hettinga op camping Stortemelk op Vlieland ligt ten grondslag aan Nachtschrijver. Daar was Regnerus, die opgroeide in Oudebildtzijl, op vakantie. Ze zwom met de dichter in zee en bracht hem terug naar zijn tent. Die kortstondige ontmoeting vormde de aanzet tot een boek over de dichter Blindman en Hannah, die als restaurator in het Rijksmuseum werkt.… Lês fierder