Martsje de Jong, Ydwine R. Scarse

‘Ienenfjirtich dingen’ en fyftjin minsken

logo.ensafh

Kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar hat al mear as ien kear oantoand him prima te lienen foar in jûntsje literatuer. Oft dat no giet om in dichtersjûn of om de presintaasje fan in boek of bondel, it sit der smûk en húslik, sa mei dat ferskaat oan stuollen en dy royaal fulde boekekasten. Dy flierkleden is wat in poatebrekkerij, mar hawar, dêr is grif wat op te finen. In laachje antyslip soe gjin oerstallige lúkse wêze.

Woansdei 18 oktober wie it kafee dekôr foar de presintaasje fan ‘Ienenfjirtich dingen’, in bondel mei proazagedichten fan de Deenske wjergader fan Nyk de Vries: Carsten René Nielsen.… Lês fierder

Jelma Knol

Noch net op ’e flecht

logo.ensafh

Nachts dream ik dat ik wer thús wenje. Op ’e souderkeamer dy’t frijkommen is neidat myn broer in keamer yn Grins krije koe. Dêr wennet syn nije feondinne. Heit en mem fine it bêst dat ik der no bin, mar se fine dat it wol tiid wurdt dat iksels op syk gean nei eigen wenromte. Ik bin ommers al seisentweintich.
Yn ’e tsjustere gong fleane no gjin ljochtjaande krobben mear. Bror fong fjirtich jier lyn ynsekten en ferve se op mei de sulverkleurige of blaumetallic ferve dy’t foar syn modelboufleantúchjes ornearre wie. Jûns gûnzen se troch de gong, fleagen hieltyd leger en kamen dan tsjin ’e muorren botsend op ’e grûn ta stilstân.… Lês fierder

Martsje de Jong

Dichters all over the place

logo.ensafh

Foar in folk dat bekend stiet as stiif, stuch en sels saai, sitte der ûnder de Friezen in ferrekt soad dichters. Of yn elk gefal minsken dy’t gedichten skriuwe. Poëzyleafhawwers.
De ôfrûne wiken kamen se by tsientallen tagelyk foar it ljocht op lytse en grutte dichtersbarrens. Yn Harns, dêr’t ein septimber yn it ramt fan de ILFU 1000 dichterstour goed sechstich minsken achter de mikrofoan kamen om wurk fan harsels of fan in oar foar te dragen. Twa dagen letter wie de presintaasje fan de mânske blomlêzing ‘It ritme fan Rixt’, dêr’t fyftich fersen fan likefolle leden, ryp en grien, fan it dichterskollektyf Rixt yn opnommen binne.… Lês fierder

Jemke Visser

Soldaten

logo.ensafh

Dy rûn ik koartlyn, yn figuerlike sin, twa kear tsjin ’t liif. Yn ‘Wij waren geen soldaat’ en mei ‘Het leger was voor losers’ as ûndertitel, skreaun troch sosjolooch en sjoernalist Herman Vuijsje, lies ik earst hoe’t nochal wat linkse jongeren yn ’e twadde helte fan ’e foarige iuw tsjinoer it leger stiene.
As twadde beseach ik hjir yn Harns de eksposysje ‘Helmen vol Verhalen’ oer feteranen fan ferskate misjes. Yn beide gefallen kin der mar ien konklúzje wêze: dat delbûgjende nei alles wat militêr is troch ferskate, doedestiidse linkse babyboomers slacht hielendal nergens op.
Sa’n bytsje fan ’e jierren sechstich ôf lieten guon, sa as Vuijsje sels, harren triomfantlik ôfkarre mei de saneamde S 5, as graadmjitter foar mentale ûngeskiktens.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (6): Ljouwert, City of Literature

logo.ensafh

Sûnt novimber 2019 is Ljouwert City of Literature, in titel takend troch de Unesco. Wy binne no hast fjouwer jier fierder. Wat hat dizze beneaming eins opbrocht?
Litte wy ris saaklik úteinsette: Ljouwert City of Literature (tenei CoL) hat in jierbudzjet fan 400.000 euro, hast in heal miljoen dus. Dat is mienskipsjild, en sil foar in wichtich part bestean út leankosten foar de meiwurkers.

CoL is de opfolger fan Lân fan taal, it projekt dat him, ûnder lieding fan Siart Smit, net al te bot bekroade hat om de Fryske taal en literatuer.

Ik rin eefkes in pear projekten del:
It literatuerbankje.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Bokkepoatsjes

logo.ensafh

Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder

Martsje de Jong

Moai yn ’e prizen

logo.ensafh

In pear jier lyn skreau ik in kollum yn de Ljouwerter Krante mei deselde titel as hjirboppe stiet. Net botte orizjineel dus, mar och, as der earne prizen te fertsjinjen binne, is der sekuer ek wat te seuren en sadwaande ek wat te skriuwen. Hielendal as it om literêre prizen giet, want wêr’t de iene jûchheiend op social media de winst omtoeteret, dêr ferskynt fan de oare in grimmitich stik oer sjueryleden dy’t der neat fan begrepen ha.
Dat lêste wol my wol oan, dat tocht ik fan ’t jier ek by it bekendmeitsjen fan de Rely-winners, bygelyks. Want lit ús earlik wêze, ik hie dêr ek by sitte moatten.… Lês fierder