Klik hjir foar it redaksjoneel, fan Piter Boersma. (pdf)
Klik hjir foar de ynhâld (pdf)
yn it tsjuster
ried ik de bonkefeart del
ik wie nachtblyn
dat ik wie wol tsien kear fallen
ik siet ûnder de blauwe plakken
einlings kaam ik oer de finish
der wie gjin mins te sjen
wat in ôfdijer
om’t ik myn skuon
bij de start stean litten hie
moast ik op sokken rinnend
nei ljouwert
it minskebestean is wif
it iene momint
fiere je de Triumph des Willens
en even letter
binne je in held op sokken… Lês fierder
In skoftsje lyn wie der op ien en deselde dei in trijetal berjochten dêr’t ik by oan myn jeugdjierren tocht: ‘Douwe Egberts in Amerikaanse handen’, ‘Wij eisen de nacht op’ en ‘De internationale beweging Com jaagt via gameplatforms op kwetsbare jongeren’.
Dat freget fansels neiere útlis, te begjinnen by Douwe Egberts. Fan myn tsiende ôf brocht ik myn jeugd troch op ’e Jouwer. Dat hie minder kind. Wy wennen oan ’e súdkant fuort by de Roazebosk tsjinoer de kwekerij fan ús heit, mei al syn idylle, grutte broeikas en appelhôf, it hiele spul al gâns wat jierren lyn ûnder it asfalt ferdwûn troch de oanlis fan Knooppunt Joure.… Lês fierder
Ik sit te wachtsjen yn de biblioteek yn Frjentsjer. In biblioteek dy’t ik goed ken en dêr’t ik faak kom. Dit kear kom ik foar myn ‘gouden kado’, sa’t de biblioteek it sels neamt.
Mei sa’n tweintich froulju en twa manlju wachtsje ik fol ferwachting. Ik bin de jongste tusken it publyk mei myn fjouwerenfjirtich jier âld. Ik wachtsje op in bejubele skriuwster dy’t út Iran komt en dêr’t resinsinten fan sizze dat har taalgebrûk ûnoannimlik moai is, mar ik bin net sa goed yn wachtsjen. Gelokkich is der kofje en binne der broadsjes en sop.
Ik sjoch wat ta it rút út en ynienen sjoch ik in opfallende auto.… Lês fierder
Yn in dream
Socht ik nammen
Fan ’e skepping
Yn stam en sied
Under stjerren
Kâld en stiif
Yn in swarte tún
Olea europaea
Ik fûn:
It libben hast foarby
Myn eigen namme
Under oliven
Alde tsjûgen
Alde freonen
Sulvergriis
By it lemieren
Ken ik alle soarten
En mysels
It nije libben brekt út
Yn strieljend wite blossem… Lês fierder
Saapke van Zanten is de presintatrise fan it Nije Algemiene Kulturele Programma fan Omrop Fryslân. Dit programma is de opfolger fan Bert Looper syn ‘Tusken de Wurden’. Hjoed is te gast de alsidige keunstner en ûndernimmer Friso Friezema.
Klik op de foto fan Friezema foar dit ynnovearjende petear.
De skrik sloech my om it hert doe’t ik de kop lies: ‘Tresoar hâldt op mei it skinken fan alkohoalyske dranken by publyksaktiviteiten’. Gjin wurd oer it wêrom fan dizze beslissing, mar ik kin it wol riede: it sil grif mei de hjoeddeiske demonisearring fan alkohol te krijen hawwe. Mar dan kin Kafee de Gouden Leeuw de doarren ek wol slute. Dat wie oars in moai inisjatyf, mar wat is no in kafee sûnder drank?
Of soe it klearebare jildbesparring wêze? Sa’n alkoholfergunning sil ek wol wat kostje. It soe hielendal yn it besunigingsbelied fan de nije direkteur fan Tresoar passe.… Lês fierder