Geart Tigchelaar besprekt de dichtbondel ‘Stienkeal’ fan Elmar Kuiper.
salang’t
har brune fytske by my binnen stiet
kin ik de hiele wrâld oan, hoe kin
dat no, no ja, ik wit it wol mar fertel
it, oan nimmen net; lit se mar yn de
stront dy apekoppen en bearelullen
wylst leit se hjir en sliept de wrâld
en ik sjoch nei har as wie se ien en
al wûnder; se is faaks in muze mar
ik wol justjes mear, geduld is grut
ha gjin haast, mar bin in sneinsbern
lykas in skouwe kat komt se dochs
werom en alle kearen wat tichterby
nea en nea krigest my, mar ik ha har
gjinien oars dy’t dêr patint op hat, ik
wol, fiel my like sterk as bijehunich … Lês fierder
In tige sfearfol natoerliet fan Duo von Däniken… Lês fierder
Swijend oanskôgje ik de griene greiden bûten Ljouwert, ik skilderje it moaie lânskip fan Fryslân yn myn holle en azemje de skjinne loft djip yn.
It grutte ferskil tusken Hongkong en Fryslân
Yn myn bertestêd Hongkong hat de yndustrialisearring it gea ferrinnewearre; de loft, de grûn en it wetter binne fersmoarge en de drokte fan de minsken makket my wyld. Hongkong is in opjage stêd. Al betsjut Hongkong letterlik ‘de lekker rûkende haven’, fanwegen de fersmoarging is it dat al lang net mear.
It slimste is noch dat de minsken yn Hongkong gjin tiid foar elkoar hawwe, buorlju elkoar net kenne en begroetsje, en elkenien byinoar lâns libbet.… Lês fierder
Yn ’e âld learen stoel mei in kop kofje yn ’e hân sit ik omjûn troch de dichtbondels fan Cornelis van der Wal en in stikmannich jonge magneten, myn soan fan fjouwer en syn maten, te aventoerjen yn ’e skedelkosmos fan it Mantsje, Knilles, Kees, Cornelis. Wat in sûnderlinge krusing tusken in aap en in preester is dy Fryske dichter dochs.
Yn syn lêste bondel Wolf yn harnas sprekt er oer stjerren en planeten, it doarpke Betlehim, lilke wyn en fersûpe lykas foarsein; oer swalkers, boargers, pommeranten, de kont fan de ridder en it glydzjen fan soppige parren yn de mar; oer baarch bret yn beppe’ boerebûter, mei ierappels, soere stip en slaad; oer brânoffers, triljend fruit, skerpe tosken, god en satan; oer ûle, mûs en marter; oer ûnderwerpen en ek dingen.… Lês fierder
Grif in aardige keardel, ús dosint, hoewol’t syn puntburdsje ûnderoan it meager en skriel gesicht fol krommels sit. Syn tafel leit besiedde mei sellofaan-omwuolle sûkelarjeletterkes en oanbrutsen pakken sinteklaaskoekjes.
Der binne mar twa kursisten. Rjochts by it rút sit in frou dy’t har bekend makket as Rideltsje Rymstra. Op it boarst hat se in button mei de tekst I Love Swarte Pyt, op har tafeltsje leit in pûde dúmkes. Foar har oer sit de swarte man. As wy mei-inoar fûstkje stelt er him foar as Marcello Witmarsum fan Suriname. Op syn tafel in soad boeken en dêr boppe-op twa lytse posters mei de tekst: Swarte Pyt kin net.… Lês fierder
Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw
Dokter Kuipers
Ik brek wer efkes yn, wat it ferhaal oanbelanget. De ôfrûne dagen haw ik it steapeltsje brieven foar de safolste kear lêzen, en, fansels, myn oantekenings útwreide. De grize giet my hieltyd wer oer de grouwe. Ut de foarige blogkes, distillaasjes ommers fan de weromfûne brieven, werjûn as wie it fiksje fanwege de lêsberens, hat wol bliken dien dat, wat seksualiteit oanbelanget, Douwe mear op manlju ynsteld wie, en Simke har foarkar nei froulju útgie.… Lês fierder