Jelma Knol

Lêstips foar de neisimmer

logo.ensafh

Wa’t nocht hat oan de Fryske literatuerskiednis kin dizze neisimmer hielendal weidûke yn in pear mânske boekwurken dy’t it libben fan Joast Halbertsma, Douwe Kalma en oare pioniers fan minderheidstalen yn Europa beskriuwe. De âlde Friezen krije har gerak yn in hearlike samling fan de âldste boarnen, no yn in nije Fryske en Nederlânske oersetting.

Alpita de Jong hat mei har biografy fan Joast Halbertsma in lêsber en ynformatyf wurk taheakke oan har oeuvre. Dizze biografy is tagonkliker as de dissertaasje dy’t se earder oan syn wurk wijde. It trochrinnende ferhaal is noflik skreaun. De wiidweidige sitaten út alle mooglike boarnen steane apart yn it skift ‘Nawoorden’.… Lês fierder

Lomme Schokker

Daphne Caruana

logo.ensafh

 

Bern, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei.
Dy wolle de wierheid poatsjedraaie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei.

Slimmer noch, sy sille neat leaver dêrnei
jimme ien foar ien neaken útklaaie.
Nee, fertrou net de ôfdwaanders lâns de wei.

Witte de Friezen dêrjinsen fier wei,
hoe’t wy hjir âlde kunde dea-aaie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei?

Al tiden komme malloaten my tenei,
Dôgeneaten dy’t my bekjeflaaie.
Bern, fertrou nea de ôfdwaanders lâns de wei

yn Malta, dêr’t se nei alle bochten mei
al jimme rjochten de flier oanfeie
yn it tsjuster, of gewoan op klearljochtdei.

It stiet no oan jim, mear as sljochtwei:
Unk en lijen sille nea samar ferwaaie.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (VI)

logo.ensafh

VI. It Leger fan de Deaden

Doe’t Dr. Herbert West in jier lyn ferdwûn, frege de plysje fan Boston my it himd fan it liif. Se tochten dat ik wat foar har efterhold, en faaks hiene se ek wol fermoedens fan slimmere saken; mar ik koe harren de wierheid net fertelle om’t se dy net leauwe soene. Yndie, se wisten dat West ferbûn wie mei aktiviteiten bûten de kennis fan de gewoane mins; want syn yslike eksperiminten mei de reanimaasje fan deade lichems wiene in hiel skoft te wiidweidich om folslein temûk te hâlden; mar de alderlêste, sielferskuorrende katastrofe hie eleminten fan demoanyske fantasije dy’t sels my twifelje lit oan de werklikheid fan wat ik seach.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Ierske dichteresse Aifric Mac Aodha

logo.ensafh

Aifric Mac Aodha is berne yn Dublin yn 1979. Hja studearre Aldiersk en modern Iersk oan de universiteit fan Dublin. Har earste bondel, Gabháil Syrinx, kaam út yn 2010. Hja hat lesjûn yn Sint Petersburch, New York en Kanada en kolleezjes Aldiersk en modern Iersk jûn oan de universiteit fan Dublin. Hja wennet yn Dublin dêr’t se no wurket foar An Gúm, in útjouwer yn de Ierske taal. Hja is redakteur yn de Ierske taal fan it tydskrift The Stinging Fly. Aifric hat ferline jier the Oireachtas Prize for Poetry wûn. Foreign News is Aifric’s nijste bondel, dy’t ferline jier útjûn is troch The Gallery Press.Lês fierder

Ap Kivinen, Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper

De nacht fan de katten / Kissojen yö

logo.ensafh

1.
de stêd is play off –arena
nei middernacht
power play, hoefolle mear ekstra tiid

learzens mei hakken klopje
froulju spylje
harren ritueel
derefter harren susters
minsklik skyld op it marktplein

ik moat it by my hawwe
myn mojo
sa gau’t ik it yn ’e hannen ha
fiel ik my feilich

koplamp fan de nachthimel, beljochtet
it haadstrjittesyndroom, cul-de-sac
hagediskening bewiist dat
de einleaze finale sprint ûndraachlik is

hoe bot wurd ik rekke
troch de sjirurgen, gitaarspilers, timmermanshannen
moat in nije sensaasje hawwe

2.
nim myn legere skoallementaliteit mei
nei de nachtklup
nimmen harket
wachtsje op harren beurt
efter de doar mjukst immen
de tongen
flugger
in binde yn ’e rige, wurd nerveus
fluch
kappe no, jim gekken
swierrichheden by it oanlûken
it koarjen en stinnen op it húske
krekt as by gymapparaten
dêr’t de oar it ritueel útfiert
mear freedsum
yn it skaad rôlet immen
it krûd
tusken bibeltinne pagina’s
ôffier is ferstoppe, floed oer de flier
gjin etikette, gjin voucher
lit ús passyf wêze as de bliksem
hjir is de foai
fan de skjinmakker fan dizze binde
lit ús nei myn plak gean
om stúdzje te meitsjen fan de metamorfoaze
en de foarm fan de amoebe

3.… Lês fierder