Josse de Haan

Côte d’argent (4)

logo.ensafh

wurden rane

simmer fersjit fan swart nei skjinner blau
kwik ûntflechtet termometerbuiskes
nachts krûpt elk werom yn eigen skulp

wurden wurde dronken, rane op lippen
minsken iggewearje mei mûle, hân en hûd
oant boesgroentsjeplysjes oarder skeppe

*

Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16. Josse de Haan.

Côte d’argent is in syklus fan Josse de Haan, besteande út tsien gedichten yn fjouwer skiften.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Aggie van der Meer

logo.ensafh

It liket krekt oft it allegear hiel logysk is, mar dat is it krekt net.” (Aggie van der Meer oer Ho Wu en Misty Mac.)

Aggie van der Meer is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se hat de analisteoplieding dien en in oplieding ta tekenlearares. Se krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere Mavo yn Boalsert. Letter is se mei har man Herman in túnbedriuw begûn en hat se it hoveniersdiploma helle. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland. Foar dy organisaasjes skreau se in protte artikels yn ’e krante.Lês fierder

Jelma Knol

Feanwâlden, doarp fan Fryske skriuwers

logo.ensafh

Tekst fan de literêre fytsrûte, dy’t in wike lyn op 10-06-2017 hâlden waard.

De rûte begjint by it stasjon. Wy rinne of fytse nei it suden (rjochting Quatrebras), komme lâns de Mennistetsjerke en pastory, de tsjerke wêr’t de jonge Theun de Vries mei syn âlden kaam en geane dan nei lofts, De Swette yn.

It noch o sa autentike wâldhúske oan De Swette, nr. 37, wie jierrenlang eigendom fan skriuwer en sjonger Bertus Klazinga.

De beppe fan de klassikus en dichter André Looijenga wenne ek oan De Swette.

Fierderop stiet it bertehûs fan Theun de Vries, nûmer 41. Eins is allinne it foarhûs ridlik autentyk bleaun, de wente is fierder grutter makke en modernisearre.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

nynke en de dieven

logo.ensafh

ús heit hie gjin easken sei ús mem
mar wie nana mouskouri op de radio
dan moasten wy stil wêze fan heit

hy hie gelyk, want we bin noch gek
op har bril en har sangerige sang
dat we hingje ryklik yn you tube om

nana song yn in protte talen, net yn
it frysk, mar dat is ek wol sa’n taal, sa
soene je it gryksk net betinke kinne

lokkich ha wy nynke, dy’t we ea ris
yn brussel sjongen hearden yn it
keninklik paleis, we krigen port

yn kristallen glêzen, dy’t we pikten
mar ja, dy wiene moai gau stikken… Lês fierder

Willem Winters

Boks

logo.ensafh

Al gean ik mar efkes de stêd yn dan nim ik dochs faak myn fototastel mei. Ik bin sljocht op fotografearjen. Doe’t ik in jier as alve wie mocht ik al út en troch mei de Kodak-boks fan ús heit in foto meitsje. Dat wie in hiele ûnderfining, want der sieten mar tolve foto’s op in roltsje. Ik mocht de boel net ferprutse. Fergelykje dat mei de digitale kamera: guon minsken sjitte yn in wykein in pear hûndert foto’s.
Dy bokskamera fyn ik noch altyd oandwaanlik troch syn ienfâld. Boppedat jout er in goed idee fan de alâlde camera obscura.… Lês fierder