Henk van der Veer

Mei

logo.ensafh

 

 

 

Mei

Een nieuwe lente en een nieuw geluid:
Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit,
Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht
In een oud stadje, langs de watergracht –

Su lúdt ut begin fan ut groate epos Mei fan de dichter Herman Gorter, dat in maart 1889 ferskeen. Ut is 1 fan’e allerberoemdste dichtregels út’e Nederlaanse literatuur. Klaas Bruinsma kwam in 1998 met de fertaling fan ut fers in ut Frys. De fertaling fan Bruinsma ( In Sneek sêge we altyfd fan Brúnsma, mar dat tersijde) ferskynde in’e Frysk en Frij seary ‘Klassyk’. Earder fersken ‘Béatrys, un marialegende’ en ‘Karel en Elegast, un ridderroman’ fan Klaas Bruinsma.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

De himel siet yn it sokkelaad

logo.ensafh

Yn it libben reinde it wolris sa bot dat it dak begûn te lekken, mar troch al dat drippen witst no dat de himel no en dan op besite komt yn dyn eigen hûs.

Datst de himel fynst ast in frjemd lûd hearst en datst dat lûd begjinst op te spoaren. In nuver soarte fan fluitsjen set dyn fuotten yn beweging. Wêr komt dat dochs wei? Do witst seker dat it net fan in fûgel is. Ienkear op ’e sliepkeamer sjochst dat it sokkelaad iepen stiet. Twa earkes stekke derút. Tusken de sokken leit in oprôle kat dy’t fluitsjend snoarket. Fertedere sjochst dernei.… Lês fierder

Henk Nijp

Jeie

logo.ensafh

De slachboom fan de brêge gong nei in lytse tsien minuten wer stadich omheech. De reade ljochtsjes dôven. Motors waarden op ‘e nij starten. It skip dat de opstopping feroarsake hie wie al in moai ein de Waadsee op. We koene wer troch.
We gongen rjochting ‘it bêste lân fan d’ ierde’ of wat dêr noch fan oer is. It wie noch ier yn ‘e maitiid en it sintsje lake ús ta. Hjir lykwols gjin skriezen op ‘e hikke of tsjotterjende protters, dykskiep trouwens likemin. Smûkskaadzjend beamtegrien is der alhielendal net of it moatte dy dy pear útrûpele flearen op Koarnwertersân wêze.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (12): Fryske literêre tydskriften

logo.ensafh

It hat in skoft sa west dat Fryslân mear as ien literêr tydskrift ryk wie. Yn it resinte ferline wie der noch wolris sprake fan konkurrinsje en sels striid tusken bygelyks Hjir en Trotwaer. Jo witte fansels dat Hjir en Farsk yn 2009 fusearren ta ensafh.

Op 22 novimber 2014 besochten Friduwih Riemersma en Abe de Vries it in skoftke mei Fers2, mar sân jier letter, op 23 desimber 2021, ferskynde al de lêste publikaasje op dit platfoarm, dat efterôf sjoen net al te folle nijsgjirrige teksten oplevere hat.

Fers2 wie ferbûn oan Utjouwerij Grotesk, mar dy útjouwerij liket no ek fan de ierdboaiem ferdwûn te wêzen.… Lês fierder

Anne Feddema

Poëzij … neat foar my?

logo.ensafh

Lêzers kom op, net sitten bliuwe dêro! Omheech mei dat loaie gat. Dûnsje en sjonge, oer fan alles en noch wat. Libben bringe yn it libben, yn ’e keunsten, dus ek yn ’e literatuer, as lêzer, leafhawwer en as dichter. Jimme moatte mar tinke mei Charles Baudelaire (1821 – 1867): Enivrez-vous. Il faut être toujours ivre, tout est là. Wurd dronken. Wês altyd dronken, sa sit it. Sa earst mar efkes, oars bin’ jo al wurch nei trije rigels fan myn hân. Mar wêr wol ik hinne? Wat wol ik sizze? Ik mis wat … No sille jimme tinke, sykje dan, Feddema, en fal ús net lestich mei dy kwasy poëtyske gjalpen.Lês fierder

Harm Woelinga

moarn en dan

logo.ensafh

 

 

 

kâld beharket in lytse wrâld
it ûnberoaide gesnúf
en de soallen fan dyn skuon

gakjende guozzen
oanfiterjende fuotbalfanaten
lûd dat de mist yn giet

doe en dêr hjir en no
amper sicht op in paad
hjoed moarn en dan

koade oranje hâldt oan
nepnijs sloppe hap en opsnijerij
om jild macht en mear

lûk it dizegerdyn iepen
flústeret fan binnen net in stim
sêfte krêften sille winne… Lês fierder