Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (3)

logo.ensafh

De twivels fan Arjen van Tuinen

Ik krige dy nachts hast gjin sliep yn ’e eagen; op it lêst, it wie om fjouwer oere hinne, bin ik der mar ôfgien en haw de klean wer oanlutsen. Op en del trêdzjend troch myn – ik jou it ta – frijwat suterige wurkkeamer, seach ik nei de steapels boeken oer Douwe Kalma en Simke Kloosterman op myn buro. Is it wol de muoite wurdich, sa tocht ik, jin sa te ferdjipjen yn wat, literêr sjoen, eins marzjinale persoanen binne? ‘Mar ho’, sa soe myn baas Wobbe Teakema wol sizze, ‘jo moatte it wol yn perspektyf sjen, wy moatte bliid wêze mei wat wy hawwe yn ’e Fryske literatuer, no.’… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

It ûnferjoulike / Das Unverzeihliche

logo.ensafh

 

It ûnferjoulike

Asto freonen ferjitst, asto de keunstner húnst,
En de djippere geast min en ferkeard begrypst,
God ferjout it, mar steur dochs
Nea de frede fan minnenden.

Oersetting: Piter Boersma

Das Unverzeihliche

Wenn ihr Freunde vergesst, wenn ihr den Künstler höhnt,
Und den tieferen Geist klein und gemein versteht,
Gott vergibt es, doch stör nur
Nie den Frieden der Liebenden.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Raku järv

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it sechsde ferhaal.

Stilswijend sitte se tsjininoar oer. Sa’t se dat al sa faak dien hawwe. Se binne ek net byinoar kommen om mei-inoar te praten, mar om net allinnich te wêzen. Sêft dobberje se mei it boatsje op de Raku järv, de angels oan wjersiden en wachtsje oant ien byt hat.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Marija Makeska út Masedoanië

logo.ensafh

‘We can actually improve ourselves by meditating, by connecting to nature and the surroundings.’

marija

Marija Makeska

De Masedoanyske skriuwster en filmmakster Marija Makeska is sûnt 15 septimber yn Fryslân. Sy sil yn it ramt fan it projekt Other Words / Oare Wurden acht wike yn Ljouwert ferbliuwe en dêr ûnder oare wurkje oan it skript fan har nije film: 2027: The Time of the Crystal Children. Marija (1986) is berne yn Skopje. Tusken 2003 en 2015 wenne se yn Detroit (FS) en dêrnei gong se werom nei Skopje. Se skriuwt poëzij en toaniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The book of muses.… Lês fierder

Hidde Boersma

Frits syn streken

logo.ensafh

Wannear is eat ôf genôch om mei nei bûten te kommen?

Ferline jier hobbele ik op ’e fyts op wei nei hûs by de rivier lâns. By de Mûne, dêr’t in stel bankjes op ’e ouwer steane, stie in bestelauto parkeard. In man en in frou tilden der mei muoite in gefaarte út. Ik stoppe om te sjen wat dy lju útheefden. It gefaarte bliek in selsfabrisearre wetterfyts, dy’t bestie út in kiste omliste mei in laach polyester en dêryn it mechanyk fan in âld fyts. It seach der slim amateuristysk út. En no soene se it apparaat foar de earste kear te wetter litte.… Lês fierder

Sipke de Schiffart

septimber

logo.ensafh

 

op ’e neimiddei
leinen we foar it lêst
tegearre
efter de seedyk
yn it gers

de sinne
joech noch waarmte,
mar hie fielber
oan krêft
ferlern

hy symbolisearre
it ôfskie, dat op hannen wie
en tagelyk de jeugd,
dy’t stiltsjesoan
oergong

do fagest myn triennen ôf
ynstee fan
se fan myn wangen
te tútsjen –
dêrom gûlde ik… Lês fierder

Henk Nijp

wachtsje

logo.ensafh

 

drok-driftich ratteljende rolkoffers
teheisterje tegels froulju
hakketikke hurd-hurd
foarút tusken display-dikerjende
reizgers op in fol perron nei
treinen dy’t der noch net binne

oare kant spoarsleuf leunt linich
in prachtich famke, stoareagjend
yn serene rêst, tsjin in stielen stander
de glâns fan har tsjokke
bosk ljochte krollen wint it krekt net
fan de sinne mar toveret har ta
in spoarfee – sûnder iphone –

dan wringt myn trein him
tusken ús yn as ik te plak sit
en har yn myn eachweid
werom helje wol is hja
weiwurden yn har eigen mearke…… Lês fierder