Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

De skynhillige dichters / Die scheinheiligen Dichter

logo.ensafh

De skynhillige dichters

Jim kâlde húchlers, sprek fan de goaden net!
Jim ha ferstân! jim leauw’ net oan Helios,
Noch oan de tongerder en seegod;
Dea is de ierde, wa soe har tankje? −

Ien treast, jim goaden! sierje jim dochs it liet,
Al is út jimme nammen de siel ferdwûn.
En is in grutter wurd fanneden,
Memme natuer! dan betinkt men jimme.

Oersetting: Piter Boersma

Die scheinheiligen Dichter

Ihr kalten Heuchler, sprecht von den Göttern nicht!
Ihr habt Verstand! ihr glaubt nicht an Helios,
Noch an den Donnerer und Meergott;
Tot ist die Erde, wer mag ihr danken? –

Getrost, ihr Götter!… Lês fierder

André Looijenga

Obe 2016 en de Fryske oersetterij

logo.ensafh

Foarôfgeand oan it Boekefeest yn Tresoar dêr’t de winner bekend makke waard, hat André Looijenga in foarbeskôging jûn op de nominaasjes foar de Obe Postmapriis 2016. Dat wie by it evenemint ‘Obe Foarspul’ (organisearre troch Regaad en Skanomodu), yn it rom fan Teaterskip Bald’r yn de grêft by de Prinsetún.
Geart Tigchelaar hat de Obe Postmapriis wûn foar syn oersetting fan Godfried Bomans syn ‘Erik of it lyts ynsekteboek’. Ensafh is fansels tige grutsk op it literêre multitalint fan ús redakteur Geart, dichter, roman- en brieveskriuwer, en bekroand oersetter!
Hjirûnder folget André syn lêzing fan 9 septimber 2016:

Ik sil it fan ’e middei ha oer de hjoeddeiske steat fan de Fryske oersetterij.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Laavu

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ‘t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it fyfde ferhaal.

Hy hie der alris oer heard, mar hie noch net earder ien sjoen. En it moaie oan op ’e dolle rûs op reis wêzen is dat men alderhanne ûnferwachte dingen tsjinkomt. Sa wie er dus ynienen op in saneamde ‘laavu’ stjitten. Fan in eardere Couchsurf-gasthear hie er al te hearren krigen dat dy dingen hjir en dêr te finen wêze moasten.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Max

logo.ensafh

It waar nûge út om binnendoar te sitten, it wie july en it reinde sa hurd dat je it wol litte woenen om oan gersmeanen te tinken. Wat ferfeeld surfde ik op it www om, de hiele BV Nederlân begûn mei it wanhopich folplempen fan alle sosjale sites mei laitsjende selfie’s op lokaasjes dêr’t ik net graach hinne woe. Om in wike as wat letter deawurch wer thús te kommen en te fersuchtsjen: ‘Lokkich ha ik de neijiersfakânsje al wer boekt, ik bin no al wer oan frije dagen ta.’ Wylst se post fakânsje noch net in slach útfierd hienen. Op sa’n stuit wurd ik hiel tryst en tink ik werom oan de tiid dat minsken noch wille belibben oan de boarterstún by de Oranjerie yn Oranjewâld.… Lês fierder

Duo von Däniken

Eastewyn, mei Willem Klaaiklút

logo.ensafh

Willem Klaaiklút presintearret yn syn nije programma ‘Eastewyn’ in trijetal nije Fryske artysten/groepen. Jo meie de bêste útkieze! Dejinge mei de measte stimmen sil in prachtige fideoklip fan makke wurde! Stjoer jo kar nei duovondaniken@gmail.com

 

https://www.youtube.com/watch?v=wtqip8_PaNg… Lês fierder

André Looijenga

Hy rôlet dyn kant út oer it sân

logo.ensafh

Werom út Masedoanië bin ik earst yn Fryslân omtoarkjen bleaun. Ik mocht de Skriuwersarke bewenje. Dat wie in grut ferskil. Wat te grut eins: op ’e Feanhoop wie ik eins bot ûnwennich fan it Súd-Europeeske stedslibben, de minsken op strjitte, de terraskes dêr’t ik de heale middei siet te skriuwen by in kopke mei it lêste lije boaiemke турско кафе, со шеќер, средно фала (‘Turkske kofje mei in bytsje sûker, tanke’). Drachten op in healoere fytsen koe it fan Bitola net winne. En boppedat, ik moast dêr op ’e pôle fan Rink sitte en wurkje.

Grins, in lyts waarmteweachje, myn eigen keamer mei boeken, in wól-funksjonearjende UB, en oanspraak ha de ûnwennigens wat minder makke.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nordkapp-tunnelen

logo.ensafh

Geart Tigchelaar hat in moai blok om west op ‘e fyts fan ’t simmer. Dat hat him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen jûn. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandien hat. De skriuwer/fytser hat der sels in gruttere of lytsere rol yn. Hjirby it fjirde ferhaal.

Teminsten gjin wyn en rein salang’t ik hjir bin, tinkt er by himsels, wylst er klauwen hat om by de 10% op te kommen.
Oaren rinne de Santiago de Compostella en ik sit hjir yn it noardlikste puntsje fan Noarwegen yn ‘e kjeld. Mar sadree’t er it tinkt en it nei syn idee grinzget oan protteljen, hat er der al spyt fan.… Lês fierder