André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2016

logo.ensafh

In ‘hy’ komt yn de kunde mei in ‘hjy’, yn it ferhaal ‘Nee, in persoan’ fan de jonge skriuwer Joël Huitema (*1995). In Fryske toerist triuwt in Deen oer de râne fan in klif (in koart ferhaal fan Johannes Beers). De lytse Admiraal Tom Pouce wurdt gemien narre, en der fynt spontane generaasje pleats yn it terpdoarp W. – neffens in nije fertelling fan Rink van der Velde-laureaat Anne Feddema.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Duo von Däniken

As it bern stôkneaken is

logo.ensafh

Duo von Däniken presintearret it ensemble Upstalbeam, mei ‘As it bern stôkneaken is’. Dizze âlde Fryske wetstekst is op in oangripende wize op muzyk setten. Upstalbeam spilet op orizjinele ynstruminten út de Renaissance. Meikoarten ferskynt harren earste CD: ‘Kening Finn’

https://www.youtube.com/watch?v=a9K7ZrGwZYM… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Byfal fan minsken / Menschenbeifall

logo.ensafh

 

Byfal fan minsken

Is net hillich myn hert, moaier fan libben fol,
Sûnt ik leavje? Wêrom achten dochs jim my mear,
Doe’t ik grutsker en wylder,
Wurderiker en leger wie?

Och! De kliber foldocht, wat foar it merkplein doocht,
En de feint hat allinne heech dy’t har macht brûke;
Oan it godlike leaut dochs
Inkeld ien, dy’t it sels ek is.

Oersetting:Piter Boersma

Menschenbeifall

Ist nicht heilig mein Herz, schöneren Lebens voll,
Seit ich liebe? Warum achtetet ihr mich mehr,
Da ich stolzer und wilder,
Wortereicher und leerer war?

Ach! Der Menge gefällt, was auf dem Marktplatz taugt,
Und es ehret der Knecht nur den Gewaltsamen;
An das Göttliche glauben
Die allein, die es selber sind.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Jelle Burggraaff

logo.ensafh

Jelle Burggraaff fertelt oer syn wurk foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018

‘Wy hoege net te wachtsjen oant 2018, we sjogge no al de effekten fan it winnen fan de titel Kulturele Haadstêd.’

Jelle Burggraaff (2018)

Jelle Burggraaff

Iepen mienskip is it haadtema fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Meiïnoar wurkje oan projekten yn alle stêden en doarpen fan Fryslân, mar ek mei de rest fan Nederlân en Europa. Jelle Burggraaff (Lollum, 1979) is by de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 ferantwurdlik foar de ynternasjonale kontakten. Hy reizget hjirfoar ûnder oare eardere en takomstige Kulturele Haadstêden by lâns om kontakten te lizzen en te sjen nei de opset fan de organisaasje yn de ferskate plakken.Lês fierder

Ferdinand de Jong

Kollum Ferdinand de Jong: Elk nadeel… It referindum

logo.ensafh

Ja, ik ha al te stimmen west. In pear dagen lyn is it al wer. Wat de útslach wie docht der yn dit stik net ta. It giet oer it fenomeen referindum. Want wat fine we dêr no eins fan? In pear dagen foardat we stimme mochten oer in frijwat dizenich ûnderwerp dêr’t foaral de media him drok oer makke, hie ik in diskusje oer it überhaupt hâlden fan in referindum. Myn gesprekspartner en ik wienen it folslein net mei elkoar iens. Ik bin foar in referindum as rieplachtsjen fan de Mienskip. Smiley. Wêrom bin ik foar it rieplachtsjen?

Neffens myn gesprekspartner ha wy by de ferkiezings in folksfertsjintwurdiging keazen dy’t fjouwer jier oer alles dat der spilet kedize mei.… Lês fierder

Jelma Knol

‘In nije heit’ is te werkenber

logo.ensafh

 

In nije heit fan Thys Wadman is in berneboek dat jin as besprekker foar in dilemma stelt. Gerke, de haadpersoan fan dit boek en ik-ferteller, is in jier of njoggen, tsien en autogek. Hy wit álles fan auto’s. It moaiste momint fan de dei is ‘de fraach’. As syn mem him op bêd bringt moat se him in fraach stelle út syn autoplakboek, leafst in sa lestich mooglike fraach. Mar flak foar syn jierdei hat er ynienen in oare winsk. Hy wol in nije heit, in ferfanger foar de ôfwêzige man dy’t folslein gjin belangstelling foar syn jonkje hat en allinne mar wat nocht belibbet oan syn hobby: fiskje.… Lês fierder