It is Hollânske boekewike, dat in goede reden om in Frysk boek te keapjen en dêr in fergees treinkaartsje as Hollânsktalich geskink by te krijen. En sa’t jo grif meikrigen hawwe, is ‘Dútslân’ it tema fan dy Hollânske boekewike. Sels lês ik Dútsers folle leaver yn it Dútsk oars. Ik soe jo graach wat nijsgjirrichs oanriede wolle yn dy eastlike buortaal, mar it heucht my hoe’t ik fan ’t simmer by de Van der Velde yn Snits it heale kastke mei ‘Deutsche Bücher’ beseach: allinnich in pear oersette Skandinavyske thrillers foar toeristen dy’t troch har fakânsjelektuer hinne binne. Dútske literatuer is by jo yn Fryslân yn ’e winkel dochs net te keap, bin ik bang.… Lês fierder
