Friduwih Riemersma

De ûnmooglikheid fan learen

logo.ensafh

De romans fan Sjieuwe Borger falle op troch de gewoane minsken mei gewoane doelen en misjes. Gjin machtige kontininten wurde ûntdutsen, gjin eksistinsjele ekstremen wurde ferkend. Gjin bûtenierdske útstapkes wurde oangean, of it moast al wêze fia geastferromjende middelen. Dat Borgers eardere romans allegearre yn it akademyske fermidden spilen, sa’t de efterflap fan Eksamenjier suggerearret, is in fersin fan inkelde letters, – it giet om in alkoholysk miljeu. Sa ek de fierde roman, Eksamenjier, dy’t in klupke lêstejiers gymnasiasten en ateneumklanten folget. Net har hegere sosjaalekonomyske status, mei de dêrby hearende gruttere drankkonsumpsje, meitsje harren spesjaal. Dat docht harren minsklikheid dy’t Borger, mei syn oanhâldend optimistyske minskbyld en mei licht ferwizen nei de humanist Catullus, yn al syn teatraliteit delset.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Oan ús grutte dichters / An unsre groszen Dichter

logo.ensafh

De Gangesiggen hearden it, Willegods
Triomf, doe’t alles ynnimmend Bacchus kaam
De Induskant út wei, mei hill’ge
Wyn út ’e sliep de folken puonnend.

O puon, jim dichters! puon út ’e slomme ek,
Dy’t no noch sliepe, jou ús de wetten, jou
Us libben, win, heroën! jim dochs
Ha it feroveringsrjocht, as Bacchus.

Oersetting: Piter Boersma

An unsre groszen Dichter

Des Ganges Ufer hörten des Freudengotts
Triumph, als allerobernd vom Indus her
Der junge Bacchus kam, mit heil’gem
Weine vom Schlafe die Völker weckend.

O weckt, ihr Dichter! Weckt sie vom Schlummer auch,
Die jetzt noch schlafen, gebt die Gesetze, gebt
Uns Leben, siegt, Heroen!… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Universele gelegenheidspoëzije

logo.ensafh

Besprek as deldwarreljende jiske fan Ate Grypstra

Ate Grypstra hat yn de perioade fan 2012 oant it begjin fan 2014 doarpsdichter – Grypstra betitelet himsels as Wâlddichter – fan Achtkarspelen west. Nei de ein fan syn amtsperioade is der in lyts dichtbondeltsje ferskynd mei as titel: as deldwarreljende jiske: Wâldsangen en doarpsgedichten.

as deldwarreljende jiske

Om ferskate redenen sil der net botte djip yngien wurde op de gedichten sels. It boekje is net te besetten. It is eins hast allegearre gelegenheidspoëzije en dat jout it wat partikuliers, al steane der guon gedichten yn dy’t yn in mear algemiene kontekst (lês: tydskriften) publisearre binne.… Lês fierder

Sytse Jansma

it jonge hea / het jonge hooi

logo.ensafh

Snein 23 augustus waard de nije bondel fan Sytse Jansma presintearre op de Willem Barentszwerf fan Harns. It is in twatalige bondel mei as titel: ‘as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht’ en in útjefte fan útjouwerij Afûk. Yn dizze bondel ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzy. It stjoerende karakter fan taal wurdt bleatlein. It filmke ‘it jonge hea / het jonge hooi’ komt út dizze bondel.

https://vimeo.com/137077043… Lês fierder

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2015

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 4 (2015)

It tema fan dit nûmer is: 侘寂.

De twa Sineeske karakters (respektyflik betsjutte se soks as ‘iensum’ en ‘stil’) skriuwe it Japanske begryp wabi sabi. Fan oarsprong is it in begryp út it 13e-ieuske Zenboeddhisme – Michel Dijkstra fertelt dêr yn syn bydrage mear oer. De idee wabi sabi hat fan grutte ynfloed west op de Japanske estetika. It ûnfolsleine, it asymmetryske, it skurve, it organyske, dat wat moai is fan jeld: men sjocht it rûnom werom yn tradisjonele Japanske ûntwerpen. Dêrby heart de gedachte dat men it fergonklike oanfurdigje moat.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Hidde Boersma

De bollesesjes (2)

logo.ensafh

It antwurd op alles

‘We einigje allegearre yn in houten jurk.’
Menear de Strjitfeier.

In soad minsken kinne it net stelle sûnder antwurden. Dêrom leaut de ien en ûndersiket de oar. En mar diskusjearje. Lokkich is der in alternatyf.

Fuck it. Sprek it mar ris foar jinsels út: ‘Fuck it.’ Net dimmen, mar mei fierens en foldwaning. Der heart jin fuort nei it útsprekken in glim om ‘e mûle te kommen, dy’t je net sels meitsje, mar dy’t út it boarst opluchtet as ferlichting. Fiele je it? No, priizgje dan jinsels, want je hawwe it antwurd fûn op alles: fuck it.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 27

logo.ensafh

Feuilleton

27

De oare moarns rieden se earst nei Cap Gris-Nez en dêrnei woe Seleina fuort ek mar nei Cap Blanc-Nez ta.
‘Dan ha wy dat mar hân,’ sei se, ‘en it is no ek geskikt, want it is helder, sadat wy, tink, de krytrotsen fan Dover wol sjen kinne. De Ingelske kust. Bist hjir no, dat dan moatst ek op dy beide punten west ha. Ik ha der sels trouwens mar ien kear west, mar gelokkich ek op in goed momint.’
Se kamen by bunkers lâns.
‘Dêr’t wy aanst stean hawwe Hitler en Göring ek nei Ingelân stien te sjen.… Lês fierder