Henk Nijp

Ai, ai, gjin diskusje mooglik

logo.ensafh

Us besoarchster is trou, der giet eins nea wat mis. Waar of gjin waar, mist of sniedunen, glêde diken, stjalpbuien, hjitteweagen, glûpende kjeld: elke moarn falt er op ’e matte, al foar achten, útsein op sneon, dan wol it wolris wat letter wurde. By wize fan sprekken dan, want se triuwt ‘m yn ’e bûtenbus. Wy ha net iens sa’n klep yn ’e foardoar.

Ik bin der mar wat wiis mei, mei de krante. As it min waar is en ik net tefolle oare drokten ha, sit ik gauris in pear oeren deis yn ’e krante. En dan ha ik it dus oer in echte krante, en net ien op in skermke.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Bollen en blauwe eagen

logo.ensafh

Op Keningsdei stap ik nei it besykjen fan ‘e frijmerk ek noch efkes it ‘Allegaartsje’ yn. In aardige rommelige twaddehânswinkel by my om it hoekje dêr’tst de gekste dingen fine kinst. Ik ha foar in projekt dêr’t ik mei dwaande bin noch net alles fûn. Ienkear binnen, sjoch ik krekt op it plak dêr’t ik wêze moat in jongfeint op ‘e grûn sitten. Hy sit him te fergapjen oan wol hûndert sulveren leppeltsjes. Hy sit op ‘e grûn en ûnderwerpt it bestek oan in soarchfâldige ynspeksje. Ik gun de man syn leppeltsjes, mar ik fyn it dochs in bytsje spitich dat er no krekt dêr sit, dêr’t ik ek wêze moat.… Lês fierder

Jemke Visser

Weromtinke is soms even skrap sette

logo.ensafh

Dêr ûntkomt nimmen oan. Hoe faak, de mjitte wêryn en op hokker wize is like divers as it minskdom. Fansels binne der oerienkomsten en parallellen. Dat helpt soms in bytsje, buormans leed is buormans treast, bist net de iennichste. Mar it skrap setten op him sels is puer persoanlik. Soms hat it te krijen mei in yngripend barren. Ek dat giet nimmens doar foarby. By de ien wat faker as by de oar en it ferskilt ek kwa emoasjes.
It foarjier stie altyd bol fan ferwachtings, de simmerfekânsje … wêr sille we no wer ris hinne?
De bern makke it net it measte út.… Lês fierder

Trevor Scarse

Yn it Lân fan Molke en Hune

logo.ensafh

Jarich waard brimstich wekker. It hie in tige ûnrêstige nacht west. It bêd lei net lekker, it kessen wie fierstente sêft en it strie kribele him troch it sloop hinne. Hinne en wer rôlje hie neat opsmiten, dat de sliep hie skier en ritich west. Hy gong der mar ôf doe’t de fûgels begûnen te sjongen. Hy geat wetter yn in skaal en smiet wat yn it gesicht. Hy rûn nei bûten ta en seach it hear oer.

Doe’t de hoanne kraaide helle Jarich it wijreekfet op en rûn nei it alter ta. It wie in koarte stiennen pylder bekappe mei in blêd.Lês fierder

Lomme Schokker

Oade oan Jelle Krol

logo.ensafh

Besprek ferhalebondel Lêze blinder. Gearstalling en redaksje: Arjen Dijkstra en Marijke de Boer. Mei bydragen fan Jetske Bilker, Douwe Kootstra, Janneke Spoelstra, Klaas van der Hoek, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Wieke de Haan, Doeke Sijens, Marijke de Boer en Goffe Jensma. 

Midden ferline jier ûntfong Jelle Krol by syn pensjonearring as kolleksjespesjalist/fakreferint cq teamlieder Fryske literatuer by Tresoar dizze bondel mei tsien ferhalen skreaun troch ‘skriuwers fan no’, sa’t it yn ’e ûndertiteling oanjûn wurdt. 

Om by dy gelegenheid as blyk fan wurdearring in liber amicorum te krijen moat Krol syn ynspanningen en bydragen foar in soad oaren wol in flinke yndruk makke hawwe.Lês fierder