Troch allerhanne tûkelteammen koe ik no krekt te set oer it album Der’t ik weg kom fan Hein Jaap Hilarides, mei fjouwer oarmans en alve Biltsktalige nûmers fan himsels. De skiif waard al opnommen yn 2011 en kaam ferline jier út.
Frysktalige bands, Biltske roots
Hein Jaap Hilarides (Sint Jabik 1969) is al sûnt 1986 warber yn ’e Biltske en Fryske muzykscene. Yn it begjin fan ’e njoggentiger jierren krijt er in plak as toetsenist yn ’e Frysktalige groep Wiegels Wjukkelmasine. Mei dy achtmansformaasje spilet er ek bûten de provinsje Fryslân en berikt er sels de heale finale fan ’e Grote Prijs van Nederland!… Lês fierder