Syn twadde boek is der no dochs (no dogs?). Ik haw it oer Evert Jan Terburg, dy’t sa’n heale ieu ferlyn Amsterdam ferliet en him op ’e Falom fêstige. Al fuortdaliks wienen it bisten en nochris bisten op it hiem. In herder, in Eskimohûn, in poalhûn, in tekkel, parkiten, tropyske gaaien, hinnen, in foks, in pappegaai, poelepetaten, slangen, katten en op de keap ta rotten. Dy poalhûnen wienen wyld en sterk. In buorman, dy’t ek sokke meunsters hie, spande se foar in Messerschmidt. Drave!
It hiem wie al gau te lyts om mear bisten oan te tugen. Foar de hûnen makke er kennels, doe koenen der noch twa poalhûnen by.… Lês fierder