Anneke van Renssen, Willem Winters

Nasjonalisme / Schoorstra en Geofiksje

logo.ensafh

Nasjonalisme is my frjemd en Frysk nasjonalisme al hielendal. Ik moat der neat fan ha. It sil, lykas in hiele protte oare saken, wol te krijen ha mei myn bernejierren. Ik bin op it lêst gjin Fries en gjin Hollanner. Ik bin in mutant. Us mem Feansters/Frysk, ús heit út Delft. Dêr kaam by dat ús heit in Marxist (better sein in Stalinist) fan de earste oarder wie. As hy al nasjonalistysk wie, dan wie it Russysk nasjonalistysk. Keninginnedei en de legere skoalle wienen dêrtroch foar my as bern in ramp. It wie in de jierren ´50, middenyn de kâlde oarloch en de Hongarije-kwestje.… Lês fierder

Jelma Knol

Mear Frysk foar minder jild mei Ensafh

logo.ensafh

Yn dizze lift hearre jo Frysk, in treflik inisjatyf fan de PvdA en PVV: earste ferdjipping, twadde ferdjipping, ensafuorthinne. Mei acht ferdjippings komt dat op njoggen Fryske wurden. Foar it oanbringen fan dizze bysûndere tsjinst oan it Frysk hat de provinsje Fryslân 45.000 euro betelle. Per wurd is dat dus 5000 euro. Mar it giet om fjouwer liften, dus dat bringt it bedrach al wer nei ûnderen ta nei 1250 euro de lift. Per ferdjipping is it dan noch mar 156,25 euro it wurd. It falt wol wat ta mei de kosten foar it Frysk. Mar de útwreiding fan jo wurdskat wurdt net heger troch dit ferbale helpmiddel: dy bliuwt op njoggen stekken.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Oan de Parsen

logo.ensafh

 

Gun my ien simmer mar, jim machtigen!
En ien hjerst, sadat myn liet rypje kin,
Myn hert him, sêd fan swiete klanken,
Makliker oerjaan kin oan ’e dea.

De siel, dy’t by ’t libben syn godlik rjocht
Net krijt, rêst ek ûnder yn ’e Orkus net;
Mar is my ien kear slagge wat my
Oan ’t herte leit, it hillige, it gedicht,

Wolkom dan, o stilte fan ’e skimewrâld!
Tefreden bin ’k, al begeliedt myn snarespul
My net nei ûnderen ta; ien kear
As de goaden libje, fan mear ha ’k gjin ferlet.

Oersetting: Piter Boersma

An die Parzen

Nur einen Sommer gönnt, ihr Gewaltigen!… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 69

logo.ensafh
De sosjale media soarget foar in soad problemen by de puberjeugd fan tsjintwurdich. Se wolle neat misse en as se net fuortdaliks in nij twitterberjocht besjen kinne, dan reitsje se suver yn ’e stress. Se sjogge op syn minst ien kear yn ’e tsien minuten op harren tûke tillefoantsje, sa seit in jonge op it NOS-sjoernaal fan ôfrûne moandeitejûn.
Wie it net moai dat se transpirearje moatte en hertritmesteurings krije soene fan de (Fryske) literatuer. Dat dat sa’n status krije soe dat men perfoarst neat misse wol. Is it in idee om in soarte fan feuilleton op Facebook te setten? Alle dagen in nij ferfolch dat men lêze móat.
Lês fierder
Tryntsje van der Steege

It sukses fan Donald Duck: fan Fearrenfean oant Wjukwert

logo.ensafh

Wylst skriuwers en útjouwers hast sûnder ophâlden eamelje dat gjinien mear Frysk lêze wol of Fryske boeken keapje wol, skoddet de Afûk samar eefkes 50.000 eksimplaren fan de Fryske Donald Duck út de mouwe. Ja, fyftichtûzen (!), want de earste tritichtûzen (!) wiene yn trije (!) dagen útferkocht. Fan dy 50.000 binne op dit stuit noch sa’n 10.000 eksimplaren oer neffens Ida Heddema fan de Afûk, mar ek dêrmei giet it moai rap. Wie it ferskinen fan ‘in fleurich Frysk blêd’ al grut nijs – dêr’t sels de Volkskrant, Trouw, en it Algemeen Dagblad omtinken oan joegen – ek de presintaasje en werprinting krigen in soad media-oandacht.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Aaipop-acts útdoppe

logo.ensafh

Peaskemoandei 9 april 2012 waard te Nijlân de feestlike 25ste edysje fan it Aaipopfestival hâlden. Oft der in oarsaaklik ferbân is, wit ik net, mar fan mar leafst fiif acts dy’t de lêste jierren suksesfol wiene op it festival, nammentlik it Kombo Bauke van der Woude, Souldada, Ljoubjr de Band, dEROELS en NNB, ferskynden koartlyn nije cd’s. Dy fan ’e jonge band NNB, Bjusterbaarlik hurd, waard sels op it lêste Aaipop presintearre. Hjirûnder ‘dopje’ ik al dat nije wurk – dêr’t wol út bliken docht, dat de Frysktalige popmuzyk bloeit as nea tefoaren! – eefkes út.… Lês fierder