Jannewaris begjint weemoedich. Yn ús eigen provinsje moasten wy ôfskied nimme fan in tal treflike minsken dy’t in soad betsjutten hawwe foar de Fryske taal en kultuer. De wrâld fan de Alde Muzyk nimt dizze wike ôfskied fan Gustav Leonhardt, eminint pionier en learmaster fan twa generaasjes musisy dy’t de wrâld fan en foar Bach eksplorearren en mei prachtige útfierings tichter by it publyk brochten.
It prachtige konsert dat it Nederlands Kamerkoor tiisdei yn de Grutte Tsjerke brocht ûnder lieding fan Jos van Veldhoven en twa ensembles mei ferneamde ynstrumintalisten wie sa yndirekt in earbetoan oan alles wat ûnder Leonhardt en syn neiste kollega’s ta stân brocht wie.… Lês fierder
