Jelma Knol

Yn it harnas

logo.ensafh

Jannewaris begjint weemoedich. Yn ús eigen provinsje moasten wy ôfskied nimme fan in tal treflike minsken dy’t in soad betsjutten hawwe foar de Fryske taal en kultuer. De wrâld fan de Alde Muzyk nimt dizze wike ôfskied fan Gustav Leonhardt, eminint pionier en learmaster fan twa generaasjes musisy dy’t de wrâld fan en foar Bach eksplorearren en mei prachtige útfierings tichter by it publyk brochten.
It prachtige konsert dat it Nederlands Kamerkoor tiisdei yn de Grutte Tsjerke brocht ûnder lieding fan Jos van Veldhoven en twa ensembles mei ferneamde ynstrumintalisten wie sa yndirekt in earbetoan oan alles wat ûnder Leonhardt en syn neiste kollega’s ta stân brocht wie.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn it nije jier altyd wer nije foarnimmens dy’t no al wer yn ’e kast setten binne. Blue Monday hat al west, al sizze guon dat it oankommende moandei pas is. Hoe dan ek, wy binne wer begûn mei smoken, drinken, noch net in eintsje te sporten west en gean sa mar troch. En wat nukt it allegearre ek? As ien foarnimmen mar neilibbe wurdt, der moat libbe wurde! En der wurdt wat libbe troch de literatuer. En it libben wurdt beskreaun yn ’e literatuer. Mei oare wurden, lêze is libje. Moai dat Ensafh yn dat earste libbensferlet foarsjocht. Dit nije jier wer sân papieren en tweintich digitale edysjes.Lês fierder

Kahlil Gibran, Jacobus Q. Smink

De Profeet, oer it moaie

logo.ensafh

Kahlil Gibran

Khalil Gibran, ek wol Kahlil Gibran; berne as Gibran Khalil Gibran, (Basharri, 6 jannewaris 1883 – New York City, 10 april 1931) wie in artyst, dichter en skriuwer.Sjoch foar mear ynformaasje op Wikipedia.

*

De Profeet, oer it moaie

En in dichter sei: Fertel ús oer it moaie fan de Fryske taal. En hy andere: Wêr sikest it moaie, en hoe fynst it as er dysels net ta gids en paad is? En hoe kinst it oer him ha as er net sels dyn taal spint?

De drôven en sleinen sizze: Syn moaiens is freonlik en sacht.… Lês fierder

C.O. Jellema, Edwin de Groot

Driuwjacht

logo.ensafh

Plat op ‘e rêch de lange leppelearen,
lei hazze yn ’e greppel op ’e skûl,
en ik, wyls dat ik neieroan kaam, die,
myn taak as driuwer dus fersaakjend, as
waard er net sjoen, net de eagen pûljend
yn noed, in lege blik as seach er my net,
net achter my de wide frijheid, mar
in neat yn him, in gat dêr ‘t er foar lei,
te djip, te breed en doar te springen.
Doe, mei in stap fan my oan him foarby,
yn ien tel wie er fuort – my omdraaiend
(flok út ‘e sleatswâl wei, lykwols gjin skot)
seach ik him útnageljen nei de hoarizon,
al hast in stip op wyt beferzen klaai.… Lês fierder

Skermer

Knibbelje foar JWdV

logo.ensafh

Slach de krante iepen, sjoch op it ynternet. Knibbelje foar JwdV fan de Kulturele Haadstêd is yn Fryslân de nijste trend. Dat it is gefaarlik yn Fryslân! Want dêr’t knibbele wurdt is men jins libben net feilich. Foarearst noch yn figuerlike sin, Mar sa’n AdV, dichter en sjoernalist, ferkeart as knibbeler al op it rântsje, hy hoecht noch mar in lyts triuwke of hy slacht der op. Elkenien dy’t him kritysk uteret oangeande it idee fan de Kulturele Haadstêd en it gedoch (polityk en organisatoarysk) deromhinne wurdt troch him weiset en útracht. Hy giet net yn op wat nei foaren brocht wurdt, want dat docht der net ta.… Lês fierder