Willem Winters hellet yn syn nijsgjirrige kollum “De bisonbolle” de kritikus Herman Hana oan. Yn in boekje oer keunst (1936) skriuwt Hana oer de prehistoaryske minske dy’t grotskilderingen makke:
‘menschen die veel van dieren hadden, niet rechtop konden lopen, niet konden spreken, althans niet met woorden en hun jagersbedrijf met uiterst primitieve steenen wapenen beoefenden.’
Tanksy de koalstofdatearringsmetoade (C14) witte wy dat de âldste grotskilderingen en de âlde byldsjes op ‘en heechst 40,000 jier âld binne. Se binne makke troch de Cro Magnon minske, dy’t genetysk besjoen net fan ús ferskilt. Wy kinne rjochtop rinne, en neffens paleologen koe de Cro-Magnon ek rjochtop rinne.… Lês fierder