Moarns as ik yn ’e wenkeamer kom goai ik de radio der wol gauris op en dat is dan altiten deselde stjoerder: Radio 4. Sa hjit it dus ûndertusken net mear, it is al in aardich skoft: NPO Klassiek.
In klassike stjoerder alsa, mei klassike muzyk dus … No, ferjit it mar moai.
Sa no en dan is it gewoanwei in ferskrikking om der nei te harkjen. It is sa stadichoan in bibelske besiking wurden. Noch los fan al it geëamel en wiidweidigens fan ’e kwasy kulturele petearen mei konservatoaren fan musea oer útstallingen, oer boeken dy’t je lêze moatte en gewoane ynfotainment is de muzyk sels, yn alle gefallen moarns, ek op in djiptepunt bedarre.… Lês fierder


