Dré Siderius

sterke bisten kenne faak gjin genede 

logo.ensafh

 

 

 

sterke bisten kenne faak gjin genede 
se ite op it lêst har âlden op 
 
ik wie lyts  
ik moast har ûnmacht hiel meitsje 
 
it is gjin skande om te mislearjen 
wol om it net te besykjen  
sei de pake fan ien dy’t it witte kin 
 
wat sil dit liif no noch  
as my drage troch de hjerst  
om úteinlik te sliepwanneljen  
troch taalgloppen 
ienris fan har 
 
dêr glydt it flot al mei de bier  
baarnend de rivier ôf 
 … Lês fierder

Anne Feddema

Sie haben einen schönen Rücken

logo.ensafh

Begjin novimber wie ik foar it earst yn goed alve jier wer yn Berlyn, de stêd dêr’t ik yn 2011-2012 wenne. Ik kin eins net útlizze wêrom’t ik der sa’n skoft net west haw, ik bedoel, it is in stêd dêr’t ik fan hâld en dan soene je sizze dat je der sa faak as mooglik hinne wolle, sa as mei in grutte leafde dy’t him of har yn ien of oar plak, net neist de doar, ophâldt. Mar ja, sa as Willem Elsschot al sei yn it Flaamskfrysk: tusken dream en die stean wetten en praktyske beswieren.
Wêrom’t ik dan no wol gong?… Lês fierder

Lomme Schokker

In fol pak sûpe en in kotter op it strân

logo.ensafh

By amper skodde sûpe is it earste slokje gjin drinken. Hasto it ek murken dat wy tsjintwurdich ekstra war dwaan moatte om in noch fol pak sûpe goed genôch te skodzjen? Om kosten te besparjen hawwe de grutwinkelbedriuwen blykber de suvelpakken in heale sintimeter of sa lytser meitsje litten, want de mingelen sûpe sit oan it rantsje fan it draaidopke ta. Der is gewoanwei net genôch romte om effektyf te skodzjen.
Foar de Oekraïnekrisis wie it in kwestje fan in pear kear sleau hinne-en-werje en klear wie it, no moat ik alle moarns in pak sa’n tsien tellen bar om bar rjochtoerein en ûndersteboppe yngeand op-en-delje om by de earste snjit de krekte konsistinsje te krijen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Geertsje, de heilân

logo.ensafh

Ik stie op de trein te wachtsjen. It wie kâld, der stie in pûster wyn en it begûn te reinen. Wy krigen op it perron it berjocht dat der gjin trein komme soe. De masinist wie siik wurden en der wie noch gjin ferfanging.
Oer in oere soe der wol ien komme. Wachtsje dus.
Op in draaf kaam der in man oansetten. Hymjend bleau hy foar my stean. Ik seach dat er in apart rinkje yn it ear hie. En in bysûnder mûtske op, mei in eigenwiis kwastke deroan.
Ik sei: ‘Doch mar rêstich oan. Trein komt net!’
Hy moast earst wat by de wurken komme, doe sei er: ‘G….’… Lês fierder

Jemke Visser

Waarover spraken zij ….

logo.ensafh

Waarover spraken zij ….

Sis it mar … gie it sa?

Biden: No noch even oer Oekraïne …
Xi: Dat is wol dúdlik, de NAVO bedriget Ruslân en Oekraïne heart by Ruslân neffens Poetin. Fansels dat dy aksje ûndernimt.
Biden: Mar bêste Xi, mei alle respekt, dat witst dochs wol better?
Xi: Taiwan wurdt troch jimme ek al opjutten om selsstannich te bliuwen, wylst it feitlik ûnderdiel fan Sina is.
Biden: Mar de Taiwanezen tinke dêr yn mearderheid oars oer.
Xi: Dat is noch mar de fraach. Jimme dumpe dêr aardich wat propaganda, dêr’t de helte fan leagens binne.
Biden: O ja?… Lês fierder

Piter Banga

Judastút

logo.ensafh

Fiif oere moarns. Ik wie allinne. Alles gie sa hurd, sa swier en sa treurich. Safolle minsken hawwe hjir oer de flier west. Se ha wat sein, mar net in protte. Ik fûn it begrutlik. Se ha my meinommen, twa dagen letter ha se har fûn.

Ik hie krekt poept. Prachtich poept! En dat wie al even lyn. In peristaltysk orgasme. In wûnder, ja, in berte. En dêr wie it mei begûn. It wie de berte fan it idee om myn freondinne te fermoardzjen en alle ideeën dy’t berne wurde, hawwe rjocht op libben.
‘Moatst dy rommel net brûke,’ sei se, ‘dan hast ek gjin wûnder nedich.’… Lês fierder