Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It klinkt klisjee, mar dat komt, omdat it gewoan sa wier as wat is: Fjirtjin dagen binne samar om. En dêrom hjir wer in nije ôflevering fan de digitale ensafh. En dan wurdt soks ek noch ferswijd yn it Boekemagazine? (Sj. kommintaar) De 34e ôflevering fan ensafh bewiist dat der mear literatuer is as wat dêr ynstiet. Om noch mar te swijen fan alle edysjes fan Farsk.

Hawar, diskear wer in nijsgjirrige ynhâld:

Poëzije

Om te begjinnen hat Piter Boersma in nije foarm fan gedichteskriuwen fûn. Nei Stjoer de strjitmakker moast er fansels in nij útgongspunt fine, en dat hat er dien.… Lês fierder

Jan Kleefstra

Wiskunde

logo.ensafh

Trije stappen binne genôch
ûntkomst der krekt de wiisheid mei
de tizeboel fan har tekendrift

knypst reafallich yn har swijen
in stadich fers troch midden

mei sied yn ‘e mûle besikest yn modder
de berte fan in nij ferhaal te rispjen

se hat allang it paad foar dy oanfage
hoechst mar om har hals te krûpen
dy yn har ûnwennigens del te jaan… Lês fierder

Skermer

Sosjale op- en delgong

logo.ensafh

Yn De Groene Amsterdammer fan 16 septimber 2010 seit Sadik Harchaoui, direkteur fan it ynstitút foar multykulturele fraachstikken Forum yn de fraachpetearsearje ‘It algemien belang’: ‘Foar it earst hat de middenklasse net mear fanselssprekkend it gefoel dat har bern it better krije sille as sysels. Dat is hiel wichtich. Polityk en belied gean oant no ta inkeld oer sosjale stiging, yn it ûnderwiis, op ’e arbeidsmerk, op ’e wenningmerk. Mar minsken moatte wier rekken hâlde mei sosjale delgong. En wat bart der dan? Hoe giet men dêr mei om?’

Dat brocht my as fansels in passaazje yn ’t sin út it begjin fan in ûntjouwingsroman út de njoggentjinde ieu, Der grüne Heinrich, fan de Switserske auteur Gottfried Keller (1819-1890).Lês fierder

Edwin de Groot

Sinjalemint

logo.ensafh

Fan glês it brekken is de debútdichtbondel fan Elske Kampen.
Mei it gedicht ‘Altyd de loft’ wûn Elske Kampen de JM-priis en oan dat gedicht wie al te sjen hoe ryk har taal is. Lyksa oan de publikaasjes yn de bekende Frysktalige tydskriften en de Rely Jorritsma-prizen dy’t sy al wûn hat.
De poëzy fan Kampen sjongt. Op it omkaft wurdt de taal ‘in gefoelich ynstrumint fol meldijen’ neamd.
It ûntbrekt yn dizze muzyk lykwols net oan wurden dy’t men ek faak yn oare poëzy tsjinkomt en dan faak yn konstruksjes dy’t foar de lêzer absolút neat mear oerlitte. Dat alles op papier sein wurdt en klear.… Lês fierder

Eric Hoekstra

‘Festen – It Feest’ te ‘Jorwert’: in fitalistyske foarstelling oer ynsest

logo.ensafh

Ynsest

Festen is it ferhaal fan in famylje dy’t byinoar komt om de jierdei fan de Heit te fieren (65).

· By it foargerjocht fertelt de âldste soan dat de heit him ferkrêfte hat.
· By it haadgerjocht fertelt er dat de heit syn suster ferkrêfte en fermoarde hat.
· By it neigesetsje lêst de jongste dochter de selsmoardbrief foar – krekt weromfûn – fan de ferkrêfte dochter dy’t harsels tekoart dien hie.
· Bon appetit!

It giet dus oer ynsest en famyljegeheimen. It stik wurdt ek eksplisyt yn de merk set troch de organisaasje en de resinsinten as in stik oer ynsest.… Lês fierder