Giny Bastiaans

Hege need

logo.ensafh

Ik skode mei myn oploege winkelkarre by de kratten bier en frisdranken del en at it dêr no fan kaam, fan al dat wiete spul, ik wit net, mar ynienen fielde ik dat ik foar’t ik fan hûs gien wie, earst noch nei it húske moatten hie. Koe ik it lang lyn mei wat taknipen noch in aardich skoft folhâlde, op dizze leeftiid slagget dat net mear. Wat soe ik dwaan? Karre steanlitte en freegje at ik it húske eefkes brûke mocht? En wêr’t dat dan te finen wie? No ja, ik wie klear mei de boadskippen, ik koe wol nei de kassa en dan tagelyk myn koarting fan de Postkoadelotterij ynleverje.… Lês fierder

Sierk Meijer

Kekke

logo.ensafh

It is sa’n buertsje dêr’t eins noait wat bart. Fyftjin hûzen oan de trochgeande wei en yn ’e midden stiet syn kroech, mei in benzinepomp derby en dat hat in bêste slach west. Want foaral feekeapmannen meie wol graach ris oanstekke. Even tanke, gau in slokje, miskien in gehakbaltsje en wer fierder.
Dat smyt him dochs wol aardich oanrin op. Dat moat ek wol, want fan syn fêste klandyzje wurdt er net ryk. Der binne wat âlde mantsjes dy’t alle dagen komme, mar dy dogge samar in oere mei in slokje. En net mear as twa deis fansels, oars wurdt it âld minske lilk.… Lês fierder

Henk van der Veer

Kulturele desinteresse

logo.ensafh

‘k Bin earlek seid nyt su fan’e eekmigerij en al helemaal nyt om anderen de maat te nimmen, wat skiëte je der met op. Hoochút je eigen galbakje fol spuie om ongenoegen kenber te maken over wat der in ’e Frys litêre Lettertún gebeurde òf júst nyt deen wurdde. Dat was in ut Frys literêr tydskrift Trowaer ( ‘Literêr tydskrift sûnt 1969’) dat opnommen wurde in de Moanne ( ‘Algemien-kultureel opinyblêd’ ). Trouwens de Moanne fiert ( ja tòch?) folgend jaar syn silveren júbileum!

Ik was eind jaren ’90 heel aktyf foar Trotwaer en fòlgde alles op ’e foët wat der in’e Frys literêre ‘rûnten’ gebeurde.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (14): Boris op rapport

logo.ensafh

Jim sille it net leauwe, mar dochs is it wier. Okkerlêsten rûn ik oer de stille kant fan de Ljouwerter Nijstêd, dêr’t ek boekhannel Van der Velde sit. Harren twaddehânsôfdieling is in skatkeamer, en ik fûn ta myn wille Ryzji yn it Frysk (2019), oerset troch Eeltsje Hettinga mei help fan Elske Schotanus. De Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), tragysk en rûch, komt yn dizze Fryske oersetting (de Fryske titel fyn ik al wat maklik keazen) moai ta syn rjocht. De oersetters hawwe gebrûk makke fan Anne Stoffels har Nederlânske ferzje, dy’t ek opnommen is. Jochem Hamstra út Grins makke der sfearfolle tekeningen by.… Lês fierder

Foppe Venema

Troch de skodoarren: Jean de la Fontaine (1621-1695)

logo.ensafh

‘Troch de skodoarren’ is in rubryk, dy’t oait alris yn ’e papieren ferzje fan Ensafh ferskynde en as doel hat de lêzer yn ’e kunde te bringen mei benammen Frânske poëzy.

Yn dizze earste online-ôflevering omtinken foar Jean de la Fontaine mei syn ferrassend aktueel bleaune fabels. Sa liket neikommend fragmint út ‘L’âne vêtu de la peau du lion’ op it liif skreaun fan guon hjoeddeiske politisy:

De ezel klaaid mei liuwehûd
Ferspriedt oeral eangstme en haat,
En ek al ûntbrekt it him oan moed,
Dochs trillet elts op syn paad.

Ik sjoch it grêf fan La Fontaine as ik begjin oktober op it sfearfolle Parise tsjerkhôf Père-Lachaise omdoarmje, dêr’t ek Oscar Wilde en Jim Morrison in lêste rêstplak fûnen.… Lês fierder