Jemke Visser

Bubbels, in nijjiers-prakkesaasje

logo.ensafh

Alwer sa’n moadewurd dat ôfrûne jier gauris yn kommentaren, kollums, diskusjes, ensafuorthinne opdûkt.
Libje yn in bubbel betsjut safolle as mei eachkleppen op rinne en je ôfslute foar in grut part fan wat der fierder om je hinne bart, meastentiids mei folle oertsjûging fan eigen gelyk.
Foar’t jo der erch yn hawwe sitte jo yn sa’n bubbel en drage dy fol faasje út.
Advertinsjes, reklames, mar ek politisy meitsje der tankber gebrûk fan. Hoe mear oanpraat wurdt ta in sympatyk eagjende, werkenbere groep te hearren wat makliker ferkeapet in produkt.
Sa ha jo de kar út bygelyks lokkige famyljes tanksij AH en Jumbo, wintersporters, iensume tankbere âlderen dy’t holpen wurde, frisse, goed útsjende jongerein, avonturiers, wrâldboargers en gean sa mar troch.… Lês fierder

Anne Feddema

Ikigai

logo.ensafh

Efkes koart troch de bocht: Ikigai is in Japansk begryp dat soks betsjut as: de motivaasje om fan ’t bêd ôf te kommen. It betsjut werklik wol mear as dat, mar dit is de polderfariant moatte jim mar tinke.
Elkenien tinkt wolris: wêr doch ik it allegear foar… ik bliuw hjoed mar ris mei de kop ûnder de tekkens. Harkje as audiofoarbyld foar de aardichheid ris nei de hit út 1965 fan’e Nederlânsktalige groep: HET: ‘Ik heb geen zin om op te staan’, wol te finen op YouTube.
No sille der grif minsken wêze, meast manlju, dy’t synysk út ’e hoeke komme wolle en sizze: ‘Ik kom moarns allinne fan ’t bêd om te pisjen of te skiten, of om in kuierke mei de hûn te meitsjen.’… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd nijs (8): Biten & Brokken

logo.ensafh

Nee, ik neam mar gjin nammen, mar it foel my lêst op dat guon dichters en sjoernalisten út Fryslân it earste eksimplaar fan harren nije boek oanbean hawwe oan ús kommissaris fan de kening (dêr hast him wer) Arno Brok. No ken ik de bêste man net sa goed, mar ik leau oars net dat er in grut kenner is fan de Fryske poëzy. It is nammers net ûngebrûklik dat in provinsjaal bestjoerder him as har lient foar sa’n putsje, mar it giet dan meast om de deputearre fan kultuer. Wêrom soe in dichter Kommissaris Brok no eins foar soks freegje?… Lês fierder

Henk Nijp

Novimber

logo.ensafh

 

 

 

Wolken giselje troch neakene tûken
wyn tamtearret greiden ta sodzige sompen
reaget blêden op rudige rêgen

Protters boskje yn kloften
stekke as derwisjen dûnsjend
mei ’t poalljocht de draak

Skrouske walen fermomje
geaen en fjilden yn nearzige iggen
dêr’t it bloed yn ieren ferklommet

It eazet derhinne, al wiken
diken en ekers strûpe derûnder
it stjonkt nei bedjer en ferrotting

Swammen welje as swolmen
absessen nimme besit fan it mosk,
‘t bosk himet as ‘n âld hynder

Buorrens en flekken ferflokke de kjeld
dy ’t lûkt troch moarch en bonken
koalige stâlen ferwurde ta snottige stronken

De ierde ferstjert en fersûpt
yn weagen fan dampige dridze
smoart yn har smûgende longen

Hjir helpt gjin gjalp nei de himel
mei knibbels op in wreed kleed
of gesang mei gebed sûnder ein

It is no inkeld mar wachtsjen,
jachtsje nei sinnewyn of it hillige fjoer
is folslein om ‘e nocht

 

 … Lês fierder

Dré Siderius

sterke bisten kenne faak gjin genede 

logo.ensafh

 

 

 

sterke bisten kenne faak gjin genede 
se ite op it lêst har âlden op 
 
ik wie lyts  
ik moast har ûnmacht hiel meitsje 
 
it is gjin skande om te mislearjen 
wol om it net te besykjen  
sei de pake fan ien dy’t it witte kin 
 
wat sil dit liif no noch  
as my drage troch de hjerst  
om úteinlik te sliepwanneljen  
troch taalgloppen 
ienris fan har 
 
dêr glydt it flot al mei de bier  
baarnend de rivier ôf 
 … Lês fierder