Yn it fjild:
Wêrfan’tst tinkst
dat it in strânljip is,
stekt as in hazze
de earen op, mar
springt fuort as
in reekeal, skril
oer de brede feart.
Dy yn twa tellen
efterlittend.… Lês fierder
Yn it fjild:
Wêrfan’tst tinkst
dat it in strânljip is,
stekt as in hazze
de earen op, mar
springt fuort as
in reekeal, skril
oer de brede feart.
Dy yn twa tellen
efterlittend.… Lês fierder
Spesjaal foar alle Friezen (en oare minsken) dy’t mei de auto op fakânsje geane!
Klik op de foto foar de muzyk.… Lês fierder
Ahhh, Bella Italia… Twa wiken lang in fakânsjehûs oan ’e Lago Maggiore op ’e súdlikste flanken fan ’e Alpen, mei by helder waar útsicht oant Milaan ta, mei yn it wykein net te tellen boatsjes, minuskúl wite fearkes op it wetter. Oan ’e oare kant fan ’e mar, de ‘earmoedige’ Lombardynske kant, rjocht foar ús oer in kantich kastiel op in skiereilân, dêr’t withoelang generaasjes Viscontis en Borromeos gearsieten om te kedizen oer wa fan ’e bern yn in willemoedske takomst mar ris paus wêze moast.
Yntsjes yn stee fan kikkerts, in skud fol swietrokich jasmyn, moarns ier en betiid lawaaiskoppende brommers, fjouwer felgiele scooters by de lytste fan ’e beide bakkers op it doarpsplein – dy mei de segrinige ferkeapster mar wol de lekkerste hompen bôle – in Lottowinkeltsje mei inkeld sneins de Bild Zeitung … En in doarpsbar, mei oan ’e muorren feale foto’s út it doarpslibben fan flak foar en fuort nei de oarloch en, ferdomd as it net wier wie, oan it plafond yn reiden kuorren de sa fertroude Chiantiflessen.… Lês fierder
As je der yn maaie en juny op út geane, falt op dat mear pensjonearre senioaren dat yn ‘e oanrin nei de simmer dogge. Faak werkenber as grize steltsjes op e-bikes.
In inkeling trapet noch foar de folle hûnderd prosint sels. Mar sa njonkenlytsen is dat in útstjerrend ras. Je moatte je mooglikheden ek net oerskatte.
Ik ha lykwols net in e-bike. Net út koppigens, lykas Staring (1767-1840) syn ‘Hoofdige boer’ yn ‘Eéne Zutphensche vertelling’ mei de ferneamde oanhef ‘Elk weet, waar’t Almensch kerkje staat en kent de laan die derwaart gaat.’ Dêryn ferhipt Boer Stuggink it om oer it nije brechje nei tsjerke te gean.… Lês fierder
Alderearst tank foar de útnûging, dat ik hjir op dit plak, op dit momint, myn fyzje jaan mei oer it wurk fan Simke Kloosterman.
Yn 2012 studearre ik ôf, yn Grins oan ’e RUG, mei de Master-skripsje ‘Simke Kloosterman, in problematyske heldinne? Har skriuwen, proaza en de resepsje fan har proaza besjoen út gender- en queerteoretysk perspektyf’.
Der waarden dy deis 4 bachelor- en 3 masterdiploma’s Fryske taal en kultuer útrikt!
Under de persoanen dy’t ik útnûge hie, wiene neist famylje ek twa bestjoersleden fan it Simke Kloosterman-lien. Troch de besites, dy’t myn stúdzjegenoate Ruurdtsje en ik oan it Simke Kloosterman-hûs brocht hiene, fielden dy ek hast as famylje oan.… Lês fierder
In net earder publisearre opname fan de taspraak (2023) fan ús Kommisaris fan de Kening by de hillige Upstalbeam.
Klik hjir foar de taspraak.… Lês fierder