Giny Bastiaans

“Wat ben jij Fries geworden!”

logo.ensafh

Ik hie my deljûn yn ’e wachtkeamer fan it sikehûs. It koe wol eefkes duorje foar’t se my rôpen. Ik siet wat om my hinne te sjen. In frou seach my al in skoftke sawat oan en ynienen kaam se oerein. Kreaze frou. Moai knipt wyt hier. Djoere jas oan. Mei reade wangen rûn se hastich op my ta. ‘Heb jij niet ooit bij mij in de klas gezeten?’ frege se.
Se kaam my al wat bekend foar, mar in namme koe ik der net by betinke. ‘Jij bent Giny,’ sei se, ‘en ik bin A.’
‘Och heden, ja,’ sei ik.… Lês fierder

Martsje de Jong

Katharsis yn De Gouden Liuw

logo.ensafh

Tiisdei 16 maaie wie ik yn it pop-upkafee ‘De Gouden Liuw’ yn Tresoar om te sjen en te hearren hoe’t Gabrielle Terpstra (32) út Ljouwert eksamen die foar de Academie voor Popcultuur. De hie der in foar elkenien tagonklike live-perfomance fan makke, mei de namme Katharsis, dat sawat betsjut as lottering, suvering. De kroech siet aardich fol mei belangstellenden en dichters dy’t útnûge wiene om ek op te treden. Yn haadsaak dichters út de underground, sa’t dat sa moai hjit. Skriuwers dy’t harren poëzy net intsje op lânskip en stilearre langstme nei wat west hat, mar dy’t rau dichtsje, net sjogge nei de perfekte taal, mar nei it gefoel en sa wie it by Katharsis ek.… Lês fierder

Valery Smink / J.Q. Smink

It hûs sliept

logo.ensafh

 

 

Der knoarret in lyts lûd búk
In lichte grom fan âlde mei facht
beklaaide dames
De dames hâlde har dapper
Ien fan de twa net te temmen sûnder
remmen in suver wêzen
Dat oare dappere bern wol sacht en
wûnen fersoargje
Ik wol fan beide dat se binne
Dat moaie bern en frij
Sûnder myn siik wêzen
Ik draaf as in gek troch tsjustere wâlden
Troch de snelheid ferlies ik
myn ferstân
Mar ik ha haast
Al lykje ik in gek
Ik wol myn bern dûnsjen sjen
Op troetelbeare wolken dy’t ik ek fiele
kinne wol
Ik ha haast
Dêrom ha ik haast

Oersetting: J.Q.Lês fierder

Jemke Visser

Dei fan de Oerwinning

logo.ensafh

Op it Sjoernaal wie yn ’e oanrin nei 9 maaie al in Moskouse apotekersassistinte te sjen dy’t wurden tekoart kaam.
As ik dêr hikke en tein wie … hie ik dan ek pikefel en in brok yn ’e kiel krigen by de parade en Poetins taspraak?
In brok yn ’e kiel, seker doe ’t ik op tv de bylden derfan seach. Mar dat kaam mear om’t ik kotsmislik waard fan dat militêre machtsfertoan. Diskear mei mar ien tank, mar wol wer opkloppe leagens fan Poetin mei deselde ridels as altyd. In suver sneue fertoaning tusken al dy humorleaze gesichten ûnder grutte hoera-petten.… Lês fierder

Anne Feddema

Katalaanske Skjirreslyp

logo.ensafh

 

 

 

Woansdeis klinkt
Yn lytse plakjes
Iensume Panfluittoan
Fan Katalaanske Skjirreslyp

Alle kearen
As hy by ús
Yn it doarp kaam
Sei it wyfke
Gong der ien dea
Myn man hâlde sels
De messen skerp
Mar dy is der
No net mear
Samar fuort
Koroana
De woansdeis 
Bin ik no
By myn suster
Yn Barcelona… Lês fierder

Henk Nijp

Marathon

logo.ensafh

Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr’t se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan ’e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn ’e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.… Lês fierder

Martsje de Jong

Fergetten lân

logo.ensafh

Foar my binne de nammen fan bou- en greidelân ferbûn mei dêr’t ik weikom: Penjum. Stikken mei nammen as Bargekop, Bile, Hynstekop krigen dy namme fanwegen harren foarm, mar binne troch ruilverkaveling al lang harren nuveraardich model kwyt. Oare stikken krigen de namme fan de brûker (Beppes tún, Pietsje trije), fan spûkferskiningen (Swevelstokken), of waarden neamd nei de haadpersoan út in leginde (Okke Hel). De Duvels Heale wie in eintsje grientetún oan ’e foet fan ’e terp. Wie it in mislik stikje grûn? Hie de pastoar dêr, of letter de dûmny, dy’t der ynearsten dêr it sicht op hie, it swurk dêr driuwen sjoen, of wie de brûker fan it heal pûnsmiet in fûleindige flokker?… Lês fierder