Anne Feddema

Bylden oan see

logo.ensafh

Moarns betiid op it stasjontsje fan it plak Pineda de Mar, dêr’t de trein nei Barcelona hohâldt. Nammers ek de trein nei Figueres en Girona, mar dat is de oare kant op en dêr hoech ik no net hinne. Ik sil wer ris nei de ‘La ciutat dels prodigis’, om it mar ris yn it Katalaansk te sizzen. De wûnderstêd.
Faaks hat ien fan jimme it boek (Nederlânske oersetting ‘De stad der wonderen’) fan Eduardo Mendoza wolris lêzen – it wie ein jierren tachtich in wiere literêre sensaasje – en oars soe ik der hoe dan ek nochris oan begjinne, want it is de muoite mear as wurdich.… Lês fierder

Giny Bastiaans

‘De Brand’ en myn switskouder

logo.ensafh

De krante stie der fol fan:Johannes Brandsma stoarn.
Ynienen die ik in grutte stap werom yn de tiid, nei de dei dat Ate de Jong in foto makke fan ‘De Brand’ en my. Op ’e PC noch wol!
Dat kaam sa.
Ik hie in priis wûn mei it gedicht ‘PC 2025’. Yn dat gedicht waard beskreaun hoe’t in jonge, fan Somalyske âlden, net ta kening keazen waard op ’e PC. Net om’t er in kleurke hie, mar omdat er krekt sa’n dwerslizzer wie as eartiids Johannes Brandsma. Yn myn eagen soe dat it toppunt fan yntegraasje wêze. Ik leaude der doe, yn de jierren njoggenticht, hillich yn dat dat om 2025 hinne it gefal wêze koe.… Lês fierder

Piter Boersma

it park fan over holland

logo.ensafh

 

 

 

hjir al fjouwer jier wenje en it net earder dien
in kuier meitsje troch it park fan over holland
no kin it dan wurde no’t ik nije knibbels ha
op ’e fyts is it mar in eintsje de strjitwei del
nieuwersluis foarby it fytspaad nei it pontsje op
hast oan ’e ein de yngong mei in balke derfoar
dêr rin ik omhinne en ik set de fyts tsjin in beam
it park wie slim ferwaarloazge hie ik meikrigen
utrechts landschap eigener fan bûtenpleats en park
hie no ta achterstallich ûnderhâld besletten
ferline jier oktober koe ik it net litte
bin ik der wat ferbean is even trochinne fytst
no sjoch ik yngeand nei wat der allegear dien is
fuort foaroan is in hoeke keal makke foar stinzeplanten
bloeie snieklokjes komme aronstsjelken op
twa keizerskroanen in inkelde titelroas
oerkommen nim ik oan út it park fan sterreschans
dat oare kant it fytspaad leit mar net tagonklik
spitich want in grutter ferskaat oan beammen struken planten
fan it paad ôf sjoch ik nei de foarm- en kleurepracht
park over holland is ferlike dêrmei ientoanich
in boskperseel eins mei rjochte paden en sleatten
dan stean ik op ’e sichtline fan ’e bûtenpleats
dy’t yn ’e fierte troant yn it folle jocht
it paad rint fan ’e strjitwei ôf rjocht it bosk yn
mei derlâns âlde en nij oanplante bûken
iepen oan ’e ein sjochst boppe de dyk út
de skippen op it amsterdam-rijnkanaal
begearich om my hinne sjend rin ik fierder
de sleatten binne slatten de wâlen keal makke
op plakken beammen en ûnderhout romme
in stik greide yn ’e midden soarget foar ynlikheid
tusken de beammen in hege keale stam
oerbliuwsel fan it tekoart oan ûnderhâld
in nij brechje oer folgje ik it rûngeande paad
hast oan ’e kanaaldyk ta en alhiel de súdkant lâns
troch de beammen hinne de flats fan breukelen
oan ’e oare hân wer de ljochte greide
oer in rjocht paad by in brede sleat lâns
kom ik wer út op ’e sichtline
tusken de bûken dêr oan ’e wolken ta
ek noch sa’n stam sûnder tûken en bast
ik eagje noch in kear nei over holland sels
it bûten leit oan ’e oare kant fan ’e strjitwei
ticht tsjin de vecht oan mei de foarkant der nei ta
oan ’e strjitkant is dwars op it hûs in stik oanboud
heech en lang dat foar de helte yn in fiver stiet
de tún der omhinne sober as it boskpark
allinne beammen wol in see oan snieklokjes
oer in oare fiver hinget in omwaaide beam
over holland liket ûnbewenne is it net
it hûs wurdt ferhierd troch de lânskipsstichting
gjin plak sa ryk oan iken lies ik yn it ledeblêd

(16-2-2022 – 17-2-2022)… Lês fierder

Cornelis van der Wal

It ear yn de stien

logo.ensafh

 

 

 

Dizze grutte stien hat in doar, en dêrefter wennet it ear.
Sânfûgels meitsje muzyk, sâlt mei tongen út ’e loft.

Yn it ear sels hearre jo neat, it reade each fan de stoarm swijt.
It is bûten stiller as oars, in ûle ropt heas nei spoeken yn ’e toer.

De stien lokket jo mei lieten, kom mar gau, jo binne leaf.
De doar giet iepen, it ear genietet fan jo stadige stjerren.… Lês fierder

Lomme Schokker

Tunnelfyzje

logo.ensafh

‘Meitsje it dy maklik … Eagen ticht … Fiel dyn kont op ’e hurde stoel … Fiel de waarmte fan de minsken om dy hinne … Djip sykhelje, stadich … yn … en út … Fiel de matearje … en lit alles los!’
Al nei in minút as twa foel njonken my myn maat yn ’e sliep.

Ofrûne winter kaam ik yn ’e kunde mei it gedachtegoed fan Benedictus de Spinoza. Dit wie op oantrún fan dy freon fan my, in oertsjûge ‘Spinozist’. It autoriden wie him in pear wike earder ferbean fanwegen in slimme foarm fan apneu en dus hie erin sjauffeur nedich om him nei Amsterdam te bringen foar syn jierlikse Spinozakursus fan fjouwer sneonen.… Lês fierder