Jouke Hylkema

Spul thús / Thússpul

logo.ensafh

Stille tsjûgen steane stomslein fan strideraasje
Foarlike fynsten fan hynsten, feitlik ferdreaun
Diagonale rinders yn ’e besnijing fan skeanten
Stive statueren en bloc as stilswijende skowers

Spanningsboarnen as statyske yntriges fan hout
Wachtsje op bewegings, meganismen fan ’e hân
It boerd de stikken, hurde staketsels fan it ferstân
Teaterfoarm as in ferhoalen flechtplak foar ferhâldings

Isolearre stiet in lytsman klear fan swart op wyt
En passant foarbygien oan syn neiste opponinten
In ienling dy’t al langer longeret nei keninginnen
Metamorfosearret troch syn hoedene rinnen

Yn ’e arena fan kontrasten stiet it driigjende toaniel… Lês fierder

Sytske de Jong

Bern

logo.ensafh

Sizze dat je gjin bern ha wolle, is in útspraak dêr’t je moed foar nedich ha, sa haw ik yn de rin fan de tiid fernaam. Want in frou dy’t gjin bern ha wol, dêr mankearret wat oan. Minsken wolle my yn ’e regel ek graach op dat feit wize. Om te begjinnen fynt men dat soks ûnmooglik myn eigen kar wêze kin, der spylje dus oare faktoaren mei. Ik soe dus ofwol in kâlde karriêrejager wêze (minsken dy’t my wat better kenne, witte dat ik sa no en dan foar Farsk skriuw en dy witte ek dat dat finansjeel net folle om hakken hat; dy minsken brûke it karriêreargumint dan ek net) ofwol ik bin op ien oft oare wize traumatisearre en haw dêrtroch myn bining mei myn natuerlike memmegefoelens ferlern (allegear ûnbewust fansels) ofwol myn relaasje is min.… Lês fierder

Andries Miedema

Willem Kloos: ‘Zij hoorde ‘t twisten, en den doffen smak -’

logo.ensafh

IV.

Zij hoorde ’t twisten, en den doffen smak –
Zij kwám niet – zág niet – zag in mijmering
Altijd die eene plek, waar de appel hing,
En de appel zelven aan dienzelfden tak.

Zij dacht: ‘is ’t ál een dróom… herinnering…?
Was ’t mijn hand… wee mij! Góds hand, die hem brak..?
Toen trad Gods engel tot haar, kalm, en sprak:
‘De Heer zegt: ‘Vrouwe, zie uw zoon!’’ en ging.

En golvend vielen op zijn vaal gelaat
Haar lokken, toen zij viel, de goudenen,
Wijl ’t zware hoofd aan ’t outer bonsde, en lag…

Zij roept het lijk… roept God… die zwijgt en haat…
Zij wist niet dat de dood zóo stil was… en
Vóelt dat zij was vervlóekt; van de’ Eersten Dag…

Willem Kloos

 
 

IV.… Lês fierder

Andries Miedema

Willem Kloos: ‘Ik ben een God in ’t diepst van mijn gedachten,’

logo.ensafh

V.

Ik ben een God in ’t diepst van mijn gedachten,
En zit in ’t binnenst van mijn ziel ten troon
Over mij zelf en ’t al, naar rijksgeboôn
Van eigen strijd en zege, uit eigen krachten.

En als een heir van donkerwilde machten
Joelt aan mij op en valt terug, gevloôn
Voor ’t heffen van mijn hand en heldere kroon:
Ik ben een God in ’t diepst van mijn gedachten.

— En tóch, zo eindloos smacht ik soms om rond
Úw overdierb’re leên den arm te slaan,
En, luid uitsnikkende, met al mijn gloed

En trots en kalme glorie te vergaan
Op úwe lippen in een wilden vloed
Van kussen, waar ’k niet langer woorden vond.… Lês fierder

Nanne Hoekstra

Op in strieminne Pinksterdei

logo.ensafh

De stoarm gisele de snieflokken hast horizontaal troch de strjitte. De ûnferwachte Besiker stampte de snieprakke fan de skuon foar’t er oer de drompel stapte en rydboske foar’t Er my de jas oanjoech. Pas folle letter ha ‘k my ôffrege wêrom’t Er einliks by my oanskille hie. Ik hie ‘M nea earder sjoen, mar dochs fielde it oan as koene we inoar al jierren. “Bakje kofje of thee?”

Hy plofte skjin ynein yn ‘e brieder. “Winliken bin ik wol ta oan wat krêftigers. Hast dochs wol in bearenburchje yn ‘e hûs?”

“Wis wol”. Ik pakte de flesse en de gleskes. “De hiele winter hat it lij wetter reind en dan sok waar op Pinkstermoandei.… Lês fierder

Jaap Krol

Krollum | René Froger

logo.ensafh

It moaie fan it fak fan artyste-ûndersiker is dat je, as it goed is, alle frijheid ha om je ûndersyk te dwaan. Mar as je de wierheid sizze oer artysten, hawwe je in dreech libben. Sa bin ik as ûndersiker net wolkom op Lee Towers Gala of the Year. No giet it dit jier net troch, mar hie dat al it gefal west, dan wie ik negearre. Ek Pinkpop en Lowlands binne deadsbenaud foar my. Op myn fersyk om fjildwurk te dwaan, ha ík yn elts gefal neat heard.

Dus spesjaal foar dizze kollum ha ik nei befrijingspop west. Oeral stiene suppoosten en bewakers senuweftich om harren hinne te sjen, drok mobilofonend en walkie-talkie’end.… Lês fierder

Josse de Haan

In moanne op lakskuontsjes

logo.ensafh

Gearslach wie yn 1995 de earste bondel gedichten fan Albertina Soepboer. It boekje seach der prachtich út en befette fersen sa’t ik jierren yn ’t Frysk net lêzen hie. Ik haw it besprutsen foar Frysk en Frij, mei as titel ‘In blauwe moanne mei bikiny-Frysk’.

Ik haw noch altyd in swak foar dat bondeltsje – foar de foarm en de ynhâld. De fersen pasten by de foarmjouwing, en oarsom. Hjoed de dei krij ik de yndruk is de foarmjouwing wichtiger as de poëzy. Boppedat lykje de bondels allegearre opelkoar. It wurdt klisjee.
 

Foarmjouwing
De bondel Kearsinne fan Albertina Soepboer is hast op deselde wize foarmjûn as Mei fan Herman Gorter.… Lês fierder