Giny Bastiaans

De wike fan ’e sachte froulju

logo.ensafh

Somtiden wurd ik moarns wat aaklik fan it nijs yn ’e krante moarns en yn ’e rin fan ’e dei komt dêr dan geregeld noch in dofke oerhinne. Troch it lekskoaien en kankerjen op ynternet.
Hoe’t sels minsken dy’t ik ken, dy’t ik graach mei, har negative miening op ynternet spuie. Dêr’t dan in oar wer op spuit en gean sa mar troch.
Yn ’e supermerk skode ik lêstendeis in winkelkarke in bytsje fierder om’t ik op dat plak sykje woe nei myn favorite sjem. Mei gimber. En ja, yn dizze winkel hiene se dy en bliid soe ik it potsje pakke, doe’t ik ynienen oan ’e kant reage waard troch de winkelkarre dy’t ik niiskrekt wat opskood hie.… Lês fierder

Piter Boersma

geheimen

logo.ensafh

 

 

 

I

ik wurd oanlutsen troch wat my noch frjemd is
sa ha ik it tarotspul ta my nommen
wylst ik no mei de i ching op ’e bank lis
om mear oer mysels te witten te kommen

II

nostradamus hâlde it by in kwatryn
fassinearjend wat de man dêr yn dellei
ik my lyksa oan dy fjouwer rigels byn
myn eigen geheimtaal sa sjoch ik der nei

III

yn ’e tún ûnder de nachthimel toevje
my fludds wurd en kiefers keunst yn ’t sin bringe
hûnsstjer en hûnsblêd oaninoar skroevje
de myte mei in goed glês wyn byminge… Lês fierder

Lomme Schokker

Fleurich nei de barebysjes

logo.ensafh

Juster lies ik yn The Guardian quotes fan hûndert minsken fan 100+ jier oer harren ‘geheim’ om sa âld te wurden: ‘to reach the triple digits’. Sei in Yvonne Old (what’s in a name): ‘In the war years I worked as a teacher. One of the staff told me: “Remember, plenty of laughter, but no shouting.” And do you know, he was right? Very good advice.’ Dat kaam my bekend foar.
It hat my in kertier koste mar ik ha it regiosuffertsje ûnder út de papierkontener opdjippe. Sei in hûndertjierrige Tineke Zwetsloot lêstendeis: ‘Yn ’41 kaam ik yn Leien te wurkjen op in legere skoalle.… Lês fierder

Duo von Daniken

Ds. Ype Schaaf sjongt: Een kopje thee

logo.ensafh

Kenne jo dûmny Ype Schaaf noch? Dat sil grif jilde foar de wat âldere lêzers/harkers op dit plak.

Okkerdeis kaam in opname foar it ljocht, mei Ype Schaaf as sjonger. De datum fan it audio-fragmint ‘Een kopje thee’ is net bekend. Schaaf wurdt begelaat troch Nynke Schotanus op gitaar en leden fan it Frysk Orkest.

Klik hjir foar dit moaie lietsje.… Lês fierder

Anne Feddema

Mear Vermeer ferneare?

logo.ensafh

Ein 2019 of begjin 2020, noch foar alle Koroana-ellinde, besocht ik de tentoanstelling Rembrandt – Velázquez yn it Ryksmuseum. It wie in prachtútstalling mei wurk fan ’e grutte skildershelden út ’e kanon fan ’e westerske skilderkeunst. Alsa net allinne Rembrandt en Velázquez, mar ek: Zurbarán, Murillo, Ribera … Frans Hals, Adriaen Coorte en … dêr is er … Johannes Vermeer. De tentoanstelling wie te sjen yn ’e ‘Philipsvleugel’ fan it Ryjks, dat is in diel los fan ’e oare sealen fan it museum.
Wa fan jimme wolris yn it Ryks west hat, wit faaks hoe’t de skilderijen fan ferneamde skilders út ’e 17e iuw dêr ophongen binne.… Lês fierder

Edwin de Groot

POËZIJ POËZIJ POËZIJ

logo.ensafh

Der foel in lyts pakje yn de bus … okkerdeis.
Dêryn sieten trije A-fjouwerkes en in kassettebantsje*.
Ien A-fjouwerke mei in ferklearring, in deklamaasje suver en
op de oare twa fellen it gedicht ‘Doch-it Sels Poëtiside Deadsberjocht en in Ingelske oersetting dêrfan.
De stjoerder en de skriuwer fan dit alles hyt fan Bert de Vries, de man fan it prachtich by Hipsel útjûne boek ‘Eigentrieds’; in samling yn it Frysk oersette Outlaw- en beatgedichten fan û.o. Alan Ginsberg, Walt Whitman, Patti Smith en Eileen Myles. (Moai woke yn lykwicht, no.) En noch folle mear prachtdichters.
‘Eigentrieds’ kin sjoen wurde as Fryslâns eigen Bibel oer Outlaw Poëzij. … Lês fierder