Edwin de Groot

Boaledea

logo.ensafh

Lost Words

Oer wurden dy’t yn it proses fan oersetten ferlern geane; it saneamde Lost In Translation. Dat wie ynearsten de opset fan it projekt mei de namme Lost Words. 16 wurd-en byldkeunstners binn’ dêr oer teset gien, mar lieten har net beheine en “de scope” is aloan grutter wurden; omtinken foar de kontekst, foar wurden dy’t yn ûnbrûk rekke binne, troch de tiid ynhelle, wurden dêrts’t net opkomme kinst en de spanning dy’t dat opsmyt. De keunstners geane der allegear op har eigen wize mei oan de haal en wat dat opsmiten hat oan meartalige wurken foar oan de muorre, gedichten, objekten en wat al net is fan 8 april ôf te sjen op De Gerdyk by galery Nynke&Blom oant en mei 23 april en dêrnei yn galery Weerdruk yn Amsterdam oant en mei 21 maaie.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd nijs (5): Soere ierappels

logo.ensafh

Dizze oprop siet okkerlêsten yn ’e mail:

‘Bakerlân fan ’e ierdappel, Dichtbondel oer de ierdappel.
Frysk en Frij jout in sammeldichtbondel út mei fersen oer it tema: Ierdappel. Dichters kinne wurk ynstjoere foar dizze samling.’

Jo kinne jo ôffreegje wat útjouwer Goasse Brouwer besielet, ommers wie der yn de jierren 2014-2018 al net it projekt Poetic Potatoes?  Dêr is ek in sammelbondel fan kommen, mei ierappelfersen. En no al wer? In ûnbegryplike saak. It giet faaks krekt te fier om it plagiaat te.neamen, mar ik bin al benijd wat se by Poetic Potatoes fan dizze gong fan saken fine.

En dan hiene wy noch Kirsten van Santen yn de Ljouwerter Krante fan 24-03-2023.… Lês fierder

Anne Feddema

In Brân Nije Dei

logo.ensafh

Bestiet der soks as jilddadaïsme? Tsja, miskien is al it jild by eintsjebeslút wol dadaïsme. Dagobert Schwitters, dat soe al eat wêze no? Dêr soe ik wiidweidich en ynkringend op yngean kinne en faaks doch ik dat no ek al. Hawar, wêr wol ik hinne? Nei it Keninklike Stasjon fan Haarlim. Ik wit fansels net oft al myn lêzers dêr wolris west hawwe, mar achtentweintich moatte der dochs wol ompankoekje op dizze wrâld, hoopje ik. Wêrom achtentweintich? No komme we alsa dêr’t wy wêze moatte. Der is in tige ergerlik reklamespotsje fan in jildútset onlinebank op telefyzje of iPad, iPhone of wat dan ek.… Lês fierder

Henk Nijp

Ferkiezings

logo.ensafh

Wy moasten der even op út, om boadskippen. It waaide dat it rikke en ik hie hâlden en kearen mei de pakesizzer efterop en de fûle wynpûsten dy’t ús efter de hege gebouwen wei oer it mad kamen. We kamen oan by in lanlike grutwinkelman en krekt op ’e tiid stiene wy stil foar’t wy yn in grouwe klodder behangstisel telâne komme soene. De man fan dy lym fleach lyk foar it foartsjil del om in poster werom te krijen dy’t troch de wyn fuortblaasd waard. Syn smoarge lears betrape it biljet krekt foar’t it útflappe soe. It wie op ’e tiisdeis foar de ferkiezingen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

De wike fan ’e sachte froulju

logo.ensafh

Somtiden wurd ik moarns wat aaklik fan it nijs yn ’e krante moarns en yn ’e rin fan ’e dei komt dêr dan geregeld noch in dofke oerhinne. Troch it lekskoaien en kankerjen op ynternet.
Hoe’t sels minsken dy’t ik ken, dy’t ik graach mei, har negative miening op ynternet spuie. Dêr’t dan in oar wer op spuit en gean sa mar troch.
Yn ’e supermerk skode ik lêstendeis in winkelkarke in bytsje fierder om’t ik op dat plak sykje woe nei myn favorite sjem. Mei gimber. En ja, yn dizze winkel hiene se dy en bliid soe ik it potsje pakke, doe’t ik ynienen oan ’e kant reage waard troch de winkelkarre dy’t ik niiskrekt wat opskood hie.… Lês fierder

Piter Boersma

geheimen

logo.ensafh

 

 

 

I

ik wurd oanlutsen troch wat my noch frjemd is
sa ha ik it tarotspul ta my nommen
wylst ik no mei de i ching op ’e bank lis
om mear oer mysels te witten te kommen

II

nostradamus hâlde it by in kwatryn
fassinearjend wat de man dêr yn dellei
ik my lyksa oan dy fjouwer rigels byn
myn eigen geheimtaal sa sjoch ik der nei

III

yn ’e tún ûnder de nachthimel toevje
my fludds wurd en kiefers keunst yn ’t sin bringe
hûnsstjer en hûnsblêd oaninoar skroevje
de myte mei in goed glês wyn byminge… Lês fierder