… Lês fierder Taspraak Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer de boeren
In emoasjonele en belutsen taspraak fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer de boerekwestje.
Klik hjir foar de taspraak.… Lês fierder
Trompetbeam
Op it stuit bin ik op myn jierlikse neiskoalling om myn therapeutysk ark skerp te hâlden. Dat hawwe we yn Súd-Frankryk en dat is perfoarst gjin straf. Hjir is de simmer dy’t thús noch op him wachtsje lit al lang begongen. We ferbliuwe op in âld bûten mei kreas oanharke stientsjepaden ôfseame mei lavendel en beammen dy’t dêr al út de begjinjierren steane.
It binne benammen dy beammen dy’t my ynteressearje. Guon kin ik fansels: kastanje, sypres en in hiele grutte reade boek. Mar der binne ek ûnbekende by. Sa is der in beam mei in rûge bast en grutte hertfoarmige blêden.… Lês fierder
It hûntsje út de Wâlden
Tjibbe Hooghiemstra en Douwe Kootstra hawwe in moai boek makke mei de Fryske stabij as haadrolspiler. Yn 2018 hie Tjibbe Hooghiemstra in eksposysje yn Museum de Belvedère yn Oranjewâld mei de Fryske Wâlden as ûnderwerp. Nyk de Vries, Douwe Kootstra en Tsead Bruinja skreaune teksten by dy útstalling, dy’t ek yn boekfoarm útbrocht is (mei de teksten yn ferskate talen) ûnder de titel Wâldman. Dy útstalling wie perfoarst gjin romantisearjende oade oan it lânskip en de frijbûtsers dy’t yn de Fryske Wâlden wenje. Nyk de Vries bringt de adat fan de wâldsjers knap ûnder wurden:
Wat seist? Iderien wist derfan, mar gjinien hat der wat fan sein?… Lês fierder
De ûnrêst fan in hert
Klaas Looper: petear mei de non-binêre boeredichter Jappy / Japke de Boer
Klaas Looper (broer fan Bert) hie in oangripend en nijsgjirrich petear mei de earste non-binêre boeredichter fan Fryslân: Jappy/Japke de Boer.
Klik op de tekening fan Klaas Looper foar it petear.… Lês fierder
‘It neidiel fan de twifel’ fan I.E. Bloem
De ûnder pseudonym publisearjende I.E. Bloem hat mei syn/har young adult roman It neidiel fan de twifel de Simke Kloostermanpriis fan 2022 krigen. Dit boek hat Bas, in jonge stoïsijn, as haadpersoan. Bas is 16/17 jier âld, stammeret en wurdt dêrom, mar ek om oare redenen flink pest op skoalle. Mei ien fan de slimste pestkoppen, de idele en waanwize Vera, mei er nei Bergamo om fjouwer moanne lang Italjaansk etc te learen. Nei in moanne moatte se haljetrawalje nei hûs ta fanwege koroana. Underwilens binne de geheimen fan de Italjaanske Julia en de ferstoarne heit fan Bas knap yntrodusearre yn it ferhaal as spanningselemint.… Lês fierder


