… Lês fierder Potsje bier yn it nije jier
De lange earm fan Moskou
‘Nee, kin ik jo net bliid mei meitsje op it stuit. As it meisit nije wike wer, mar ik jou gjin garânsje. It binne ûnwisse tiden mei dizze kjeld en de oarloch. Belje nije wike tongersdei mar even wer om te hearren hoe en wat.’ Dat wie it antwurd fan de man efter de servicebaly fan de boumerk dat ik krige op myn fraach oft er my oan in rôle radiatorfoly helpe koe. Se wiene der al lang wer troch, it wie in gekkeboel en it wie hast net te besetten; elkenien like wol dwaande te wêzen om kieren en gatten te stopjen tsjin de gierjende ynflaasje en de grouwélige enerzjyprizen.… Lês fierder
Komt in man oan de doar…
Dat boek sûnder ein, de krante: wat en wêr soene wy wêze sûnder de útdragers fan it nijs?
De tiisdeis foar de krystdagen hear ik jûns om sân oere de doarbelle. Ik rin de gong yn, doch de lampen oan en meitsje de foardoar iepen. Twa minsken: it tichtst by de doarbel in famke fan in jier of tsien. Skean efter har in man. It famke jout my it winskkaartsje fan de krante.
Der ûntstiet tusken ús trijen in koarte konversaasje, dy’t ik hjir efkes sa goed mooglik rekonstruearje moat.
‘Het Haarlems Dagblad,’ seit it famke.
‘Aha, ik hie jimme al ferwachte.’… Lês fierder
Geheim
Bûtenút fyts ik
Foarby it
Beweechlik stillibben
Kryptysk fertsjuskjen
Komt my temjitte
Noch waarme
Novimbersinne
Rook swiet
Wiet hea
En jarre
Lânlibben
Fata Morgana
Wrâld trillet
Yn ljocht
Boere-oaze
Protters op dongbult
Aanst tsjuster dûnsjend
Oan ’e himel
Yn waaiende wolkens
Fûgelfoarsizzing
Nim my op
Yn jimm’ waarme
Tsjettertekken
Faaks mei nije wjukken
Haw ik jim ek eat
Te fertellen… Lês fierder
Froast
It spûket hjoed perfoarst net op it Spûkeleantsje achter Eastermar. It is prachtich froastich waar, de sinne glinsteret yn de iiskristallen op it gers en it fallen blêd en hjir en dêr hinget noch in helderreade bottel oan in wylde roazestrúk. De ûndergrûn fan it smelle paadsje is noflik hurd ûnder de berchskuon dy’t dit jier by ús kuier fan de westkust fan Súd-Skotlân nei de eastkust gâns oare boaiems meimakke hawwe.
Yn dizze koarte dagen om de wintersinnekear hinne doarmje de tinzen frijwat rjochting wat west hat en wat noch komme sil. En grif dit jier wêryn’t Koroana noch mar it earste spûk bliek.… Lês fierder
Kryst mei Arno Brok
Harkspul fan Duo von Däniken! Kommissaris Arno Brok dielt krystbôle út oan minsken dy’t it net al te breed hawwe. En wat der dan bart!
Klik hjir foar dit spannende harkspul…… Lês fierder
