Piter Boersma

ganesha

logo.ensafh

 

 

I

it byldsje hat yn ’e tún it moaiste stee
ik woe de betonnen oaljefant yn ’t sicht
god ganesha der by hawwe is in pree
foar it skriuwen fan in ferhaal in gedicht

II

yn ganesha ha ek ik myn godheid fûn
heit shiva sloech him de holle ôf de gek
it bern waard in oaljefanteholle jûn
mei him foar my meitsje ik no myn bestek

III

parvati woe graach ris baaie yn ’e mar
soan ganesha bewekke it paad nei har
shiva nei jierren fan hûs wer thúskaam
hy de jonge poerlilk de holle ûntnaam

IV

de mem yn triennen shiva syn rie te’n ein
in berneholle nimme gong him te mâl
in oaljefantsje waard gau de kop ôfslein
by parvati koe doe wer de laits fan stâl

 … Lês fierder

Greet Andringa

Wolkom yn Almere

logo.ensafh

Fan ’t wykein ha ik útfanhuze by myn âldste dochter. Sûnt septimber is se op harsels, dat wol sizze: se wennet by in neef fan har heit op keamers yn de stúdzjestêd-yn-opkomst yn de polder. Ik ha har holpen te ferhuzjen, mar dêrnei hie ik dêr noch net wer west. Mei krystljochtsjes en grutte en lytse planten hat se wyls har eigen bewenne tsjoenbosk boud, mei útsjoch op de keapgoaten likernôch tritich meter ûnder de grutte ruten. Se siedt aaien yn de wettersieder, nûdels op dizze wize siede hat se al ôfleard. Se hat in planke fol skoalboeken en in ekstra matras foar as immen let net mear nei hûs wol.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Hân en toan fan ’e master

logo.ensafh

Op it tastânkommen fan it album Reizger yn Fryslân. Boudewijn de Groot yn it Frysk! Deel 2 hat de grutmaster fan it Nederlânsktalige harkliet sels tafersjoch hâlden. Boppedat hat er der sân gitaar- en twa sangpartijen oan bydroegen. En dan docht er yn trije nûmers ek noch mei yn ’e ‘backing vocals’! Op sa’n wize is Reizger yn Fryslân in folle mear ‘Boudewijn de Groot-eigen’ album wurden as syn foargonger Boudewijn de Groot yn it Frysk! út 2019. Lit ús mar sizze, dat de hân en toan fan ’e master sels der folle dúdliker op te hearren is.

‘Adviezen’
Wêrom’t Boudewijn de Groot (*1944) graach sels oan it tastânkommen fan in twadde album mei wurk fan syn hân yn it Frysk meiwurkje woe, ferwurdet er op side 2 fan it tige ynformative en troch Lean Dijkstra moai fersoarge cd-boekje: ‘De eerste Friese cd […] verraste me op verschillende manieren.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foto’s Grutte Gedichtejûn ensafh yn Dokkum

logo.ensafh

Op 04-02-2022 waard de Grutte Gedichtejûn fan ensafh hâlden, diskear yn in seal fan de Iisherberch te Dokkum.

De foto’s binne makke troch Geart Tigchelaar

 

Inne Bilker

Gerrit de Vries

Willem Tjebbe Oostenbrink

Jan H. Woudstra

Syds Wiersma

Cornelis van der Wal

Muzyk fan Onno & Henderikus

Hindirk Hannema

Hindirk Hannema

Janneke Spoelstra

Erik de Boer

Eelke Veltman… Lês fierder

Lomme Schokker

Pûnswurden

logo.ensafh

 

 

 

‘Midden yn ’e stêd
kinst in bêst fers
samar thúsbringe
.. de wurden fetsje dy
by de hân
of hingje yn ’e wei
ûnder in iepen brêge (…)’

Dit is in – hiel frije – oersetting fan in stedsgedicht fan Stijn Franken, dat te finen is yn Antwerpen, ûnder in drokke brêge. Antwerpen is lykas Haarlim in stêd oan in rivier mei in ferline fol bierbrouwers, rederikers en printers. Wat Antwerpen lykwols ek hat en Haarlim folle minder binne withoefolle stedsmuorren mei literêre teksten. Dat moat oars, tocht in âld-kollega fan my, Haarlim hat ommers troch de tiid hinne ek flink wat skriuwers, (tekst)dichters en sjongers opsmiten.… Lês fierder