Oan ’e njonkelytsen moai lange rige fan albums dêr’t nasjonale en ynternasjonale artysten en groepen yn it Frysk op covere wurde, is ein ferline jier wer ien tafoege: Boudewijn de Groot yn it Frysk! Cees de Wolff fan Âldskoat hat foar dat album tsien besteande nûmers oerset. Of better sein: ‘wertaald’.
Popsongs yn it Frysk
En lit my it fuort mar sizze: Cees de Wolff en ’syn’ fiif útfierende artysten – dat binne: Grytz (= Grytsje Melchers, trije nûmers); Sipke de Boer (twa); Jan Dirk van Ravesteijn (twa); Adri de Boer (twa) en Jan Nota (ien nûmer) – hawwe wier net de minste bydrage levere oan ’e neamde rige!… Lês fierder

