Geart Tigchelaar

Slikje oer in rau steed

logo.ensafh

De dichter Elmar Kuiper komt nei granytglimkes (2011) – dêr’t okkerdeis in twadde printinge fan ferskynd is – mei in netsjes fersoarge nije bondel, hiemsiik. De bordeaux-reade kleur fan it omkaft lit jin oan in psalmboekje tinke. It binnenwurk is ienfâldich en hat in kreaze opmaak en in moai lettertype. Bloedreade siden dy’t in nij skift oanjouwe en trije tekenings fan Sjoukje Idema dêr’t Kuiper de gedichten apart foar skreaun hat, sa lei er út op ’e presintaasje.

Syn earder wurk oereidzjend kin der maklik sein wurde dat Kuiper in man fan klank en ritme is. Dêrby jout er bylden, bylden dêr’t de lêzer net altiten ien, twa, trije in knoop oan fêstknope kin.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Jelle Krol oer syn promoasjeûndersyk

logo.ensafh

Hedwig Terpstra yn petear mei Jelle Krol (Drachten, 1957) oer syn ferlykjend ûndersyk nei foar minderheidstalen statusferheegjende strategyen yn it wurk fan Douwe Kalma (Boksum, 1896 – Ljouwert, 1953) en yn dat fan oare iere tweintichste-ieuske minderheidstaalskriuwers.

Jelle Krol

Jelle Krol. Fotostudio MGM, 2013

Jelle Krol hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins. Fan 1983 oant 1990 wie er redakteur fan Trotwaer. Hy resinsearre Frysk proaza foar de Ljouwerter krante en tegearre mei Popke van der Zee sette er Beowulf oer út it Aldingelsk yn it Frysk. Yn 1987 kaam er yn tsjinst by it FLMD en fersoarge er ferskate publikaasjes fan en oer skriuwer en dichter Douwe Kalma, ûnder oare de Samle fersen (1996).Lês fierder

Jelma Knol

Mear as sjamanistysk patchwork, oer ‘Herbarium’ fan Albertina Soepboer

logo.ensafh

 

Troch it dichtwurk fan Albertina Soepboer waait faak in stevige seewyn dy’t my as lêzer de noardlike lânskippen oan de kust foartsjoent. Neist har frisse, elemintêre taalgebrûk en sobere foarmerykdom binne it ek de ûnderwerpen dy’t my bekoare: de bernetiid, leafde, dea, de seizoenen, it yninoarranen yn guon fersen fan it no en it ferline, de ferwizings nei archetypyske symboalen, getallen en/of kleuren. De taal yn dizze bondel is sober en tiidleas. Wol blinkt de dichteres út yn it brûken fan âlde en nije wurden lykas ‘breake’ en ‘snietinner’.

It Herbarium dat se oanlein hat en dat yn 2014 by Frysk & Frij ferskynde, liket by earste lêzing net oars as it eardere wurk.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

‘In fet fol tsjinstellings is it…’

logo.ensafh

Besprek Pier: De profesij fan bline Simen troch Willem Schoorstra

In nije histoaryske roman fan de skriuwer Willem Schoorstra. Dan mei men der fanútgean dat it kwaliteit en djipgong hat. Oangeande fersoarge styl, ferhaalstruktuer, mar ek in deeglike histoaryske ûnderbouwing. Dat wie mei Rêdbâd: Kronyk fan in kening (2011) sa en mei Pier: De profesij fan bline Simen is it net oars. Yn it besprek oer Rêdbâd haw ik dat Schoorstra syn magnum opus neamd. It boek oer Pier Gerlofs, bekender mei de bynamme Grutte Pier, komt dêr ek maklik foar yn oanmerking. It is minder epysk – dêr’t ik sa’n wurd om sis – as dat oer Rêdbâd, mar de figuer fan Pier lient him ta mear psychologyske útdjipping.… Lês fierder

Steven H.P. de Jong

In memoriam Bauke de Jong

logo.ensafh

Hjirby in koarte skôging fan Steven H.P. de Jong oer de okkerdeis ferstoarne dosint Bauke de Jong:

Bauke de Jong krige yn de sechstiger jierren bekendheid yn it Fryske literêre fermidden omdat er as ien fan de earsten bewegers lykas E.B. Folkertsma (literator en kristlik-Frysk nasjonalist) kapittele. Yn 1938 hie Folkertsma (nei de Kristallnacht) syn teologyske stik ‘De jage joad’ publisearre yn De Stim fen Fryslân, dêr’t er in typysk dialektyske redeneartrant yn opbout troch te sizzen dat de joaden ek net altiten sokke bêsten wiene. Unfoech praat, sjoen wat der allegear barde tusken 1933 en 1945 fûn Bauke de Jong achternei.… Lês fierder

Greet Andringa

Teleks: Besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

Yn ferbân mei de takenning fan de Gysbert Japicx-priis 2015 oan Koos Tiemersma en de útrikking dêrfan op sneon 10 oktober, pleatst Ensafh hjir it yn 2012 yn de papieren Ensafh ferksynde artikel fan Greet Andringa oer it oant dan ta ferskynde wurk fan Koos Tiemersma. Dêrnêst linke wy hjir nochris nei it artikel fan Geart Tigchelaar op Skanomodu oer Einum, Tiemersma syn priiswinnende roman.
It artikel fan Greet Andringa is yndertiid ta stân kommen as lêzing fan it Sirkwy seminar 2012’, dat organisearre waard troch Tresoar, Ensafh, Bibliotheek Service Fryslân, Taalburo Popkema en Bersa Tekstwurk. De oantsjutting ‘Sirkwy’ ferwiist nei de literauerwebside fan Tresoar: www.sirkwy.nlLês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 5, 2015, it Rely Jorritsma-nûmer

logo.ensafh

Aurelius Jorritsma (1905-1952) mocht hiel graach tekenje, skilderje en gedichten skriuwe. Mei ‘Rely’, syn ropnamme, ûndertekene er syn wurk. Yn syn jeugd wenne er yn it grutste hûs fan it doarp Jellum, mar letter hat Rely de measte tiid yn Nijmegen taholden. Doe’t er yn 1951 wist dat er net lang mear libje soe (hy hie multiple sclerose), makke Rely syn testamint op: al syn jild hat er neilitten oan in fûns foar it ‘bevorderen van de Friese letterkunde’.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder