Tsjintwurdich dream ik fan bleate kapsters op stiletto’s mei izeren noazen midden yn in see fan donkerblauwe mûlemaskers. Ik dream oer in lange lege sikehûsgong ûnder wyt TL-ljocht mei doarren oan wjerskanten dy’t ik net iepenje doar. Dreamde oer ús heit yn syn populierenhouten deakiste sûnder deksel yn it ôfskiedshûs oan de Cissy fan Marxveldtleane.
En ik dream fan Tiny Mulder dy’t ik langút mei har skonken oan wjerskanten fan myn kroade útsutelje yn bûtenbuorren tusken Boazum en Boalsert. Se fertelt hoe’t se altyd al yn in hûs wenje woe mei de foardoar yn ’e midden en dan links in ljochtkeamer om te skriuwen en rjochts de pronkkeamer om op winterjûnen Skandinavyske skriuwers te ûnderfreegjen oer wat bern moarn te lêzen hawwe moatte.… Lês fierder