Duo von Däniken

Stinne ’69

logo.ensafh

Harkje nei in unike opname fan Dea hynder, in band dy’t nei alle gedachten mar in pear wiken bestien hat. Renee Koster fan de Omrop hat in opname op tape út it jier 1969  weromfûn, en de techneuten fan de Omrop hawwe it titelleaze nûmer hielendal oplape. Yn oerlis mei de dochter fan de spitigernôch betiid oan de drugs ferstoarne gitarist Jan Rypkema hawwe wy it nûmer Stinne ’69 neamd. Klik hjirre foar de muzyk… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

wynhûs

logo.ensafh

wat wie ik der op tsjin dat amy
samar stoar, amper 27 jier jong
se hie it nea net mei my oerlein

wat wie ik lilk doe’t ik hearde
dat amy kassy wijlen wie wylst
we betochten dat se lykas dinah

wol tachtich wurde koe en noch
sjonge soe lykas body and soul
lokkich stiet der wat op youtube

sadat ik har stimme alle dagen
oproppe kin; ik bin sa wyld op
har en sa beswar ik it hinnegean

mar dat nimt net wei dat ik der
fûl op tsjin bin dat se no wei is… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (1)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (1)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 1.)

(Sjoch ôflevering  2, 3)

‘I greet you at the beginning of a great career, which yet must have had a long foreground somewhere, for such a start.Lês fierder

Anne Feddema

It kollumkokentsje fan Feddema

logo.ensafh

Wat wol der Feddema? Wat fynt er leuk? Tja, no…LEUK is foar my in té hjoeddeistige-útkôge-kaugom-gebrûks-gearfetting. It libben fan no is ien oanhâldend audiofisueel bombardemint fan ’e meast útienrinnende saken. Meitsje dêr noch mar ris, as in gewoan, dimmen minske, in ferantwurde kar út. Wat kinne we dan wol sizze? Wat witte we oant no ta…Wát wit ík! Ik sil it jimme earlik fertelle: Ik bin gek op film…altyd al west. Eat dat my hieltyd wer yn it sin komt: Ik bin in jier as trije, fjouwer en ik gean my ús heit (pappe) nei de Ljouwerter bioskoop, op ’e drokke kant fan ’e Nijstêd.… Lês fierder

Edwin de Groot

Tekst by skilderij

logo.ensafh

© Mark Rothko

Alle kunst houdt zich bezig
met het wenken van de dood
Mark Rothko

i.

De klok ferkocht ús nacht, mar
in supermoanne wjerskynde de polder yn rust
en ferkoalle blau, we holden stil en it swijen waard goud
ûnder yn byld it wetter fan de boezem deakatoen en ierdeswart

soks haw ik foarige simmer as skilderij sjoen
sei ik ûnferhoeds, Rothko woe dêrmei de tiid stilsette
ik haw der sitten, besocht deryn te stappen; it is my net slagge

dêr, by it gemaal haw ik, ik wie in jonkje, in fisk fongen en deamakke
heakje ynslokt, hoelang´t ik dêr sitten haw, gjin idee
it stiet my net mear by, wol it mûsstil

ii.Lês fierder

Lomme Schokker

De wurden net skriuwe

logo.ensafh

In flarde fan in ferhaal spûke my troch de holle. Ik koe der gjin wiis út wurde en woe grip ha op myn ûnmacht. Ik socht in skriuwer om yn eigen taal mei myn bylden om te gean, want sels koe ik de wurden net skriuwe. Yn it doarp wie nimmen mear fan de âlde skoalle. De earste fan ús mienskip, man fan gesach en ûnderfining, hy seach my kommen en stjoerde my fuort. Foar him wie ik inkeld ien mantsje út safolle. Hy wie my al fergetten doe’t ik my omdraaide.

Moatst yn it stedsje fierderop wêze, seine guon. Dêr sitte in tal wize mannen yn petear byinoar dy’t dy wol helpe sille.… Lês fierder

Henk Nijp

Húswarje

logo.ensafh

Ik wie let, it rûn al tsjin alven, ik hie noch gjin moarnsbrochje hân en der wie gjin bôle mear yn ‘e hûs. De sinne skynde folop en de bakker wie mar in eintsje rinnen dat wy koene der wol even om út. De wyn wie noch wol fris dat de jassen mochten wol goed ticht. Goed en wol bûten fleach der in plysjewein mei swaailjochten en sirene oan ús foarby. Mar dat bart wol gauris yn dizze stêd en nimmen sjocht der noch fan op. Even fierder, op de Vleutenseweg, hearde N. as earste fan ús in helikopter en hja socht tusken de wite wolkjes nei wêr’t it lûd weikaam.… Lês fierder