Hâld de bûsdoek mar yn ‘e oanslach: in triennelûker fan formaat! Klik op ‘e tekst foar de muzyk.
Hâld de bûsdoek mar yn ‘e oanslach: in triennelûker fan formaat! Klik op ‘e tekst foar de muzyk.
It fyfde filmke út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.
Dichter: Poul Lynggaard Damgaard
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar… Lês fierder
By ús yn it Suffertsje binne foar my, nêst de krûdige kollums fan in Arie Bombarie, benammen de wiidweidige ferslaggen fan de gemeenteriedsgearkomsten de muoite fan it lêzen wurdich. Dy ferslachjouwer, lit ik him Erik neame, sit faak yn in hoekje fan de biblioteek efter de iennige kompjûter dy’t nei de lêste reorganisaasje oerbleaun is. Al jierren skriuwt er yn de byb syn ferslaggen, want dêr hat er alle riedsstikken foar de greep en ‘kom ik wat ûnder de minsken’.
Soest Erik sa op it each noch gjin kwartsje jaan. In lytse sjokkende man, rykrak, sjofel yn de klean en rûch yn it burd, mar mei in tûk ferstân.… Lês fierder
I
it drinkfet in saneamde kanaänskaal
de brulloft fan it wetter-yn-wynwûnder
kaam út kleaster eibingen is it ferhaal
de grutte dichter fûn him hiel bysûnder
II
út har kleaster waard goethe in drinkfet ryk
mar hy komt ek by de roazekrusers lâns
ivich libben esotery romantyk
de ierdske mins siket him bryk om in kâns
III
hy hat net it útsjoch fan in amfoarkrúk
hy hat gjin hals en de iepening is wiid
ûnder de brede kraach in skouder gjin búk
de drinkkom is wier unyk en dêrom swiid
IV
orïintaalsk albast kaam út egypte wei
foar amfoaren kommen flessen en sok reau
de krúsfarders brochten sok diggelguod mei
dat in protte yn kleasters bewarre bleau
V
faaks krige hildegard de kom as geskink
fan de byzantynske keizerin bertha
dy ûntfong fan har in brief mei de wink
god wol fan dyn hert in brânoffer ha
VI
dy goudkleurige drinkkom fan kalkalbast
dat bertha him hildegard joech is gjin slach
wa’t de suggestje die is wier gjin fantast
de keizerin wie in prinses von sulzbach
VII
soe hilde der in kear wyn út dronken ha
ik reitsje oeral fan dy mooglike die
it museum yn weimar moat ik nei ta
ik wol myn lippen hâlde dêr’t sy se hie… Lês fierder
Op 23 jannewaris lêstlyn waard Tsead Bruinja offisjeel ynaugurearre yn it nommele amt fan Dichter des Vaderlands. Hy mei dy funksje twa jier lang ferfolje. Tsien jier lyn wie er ien fan ’e nominearren, mar waard Ramsey Nasr Heitelânsdichter. Ditkear waard er hifke oft er it no wurde woe, sa fertelde er oan in seal fol freonen, famylje, kollega-dichters en oare belangstellenden. Blykber hie de dichter ôfkomstich út Rinsumageast dêr wol earen nei.
Bruinja is in ferneamde namme yn sawol it Frysktalige as it Nederlânsktalige dichtersmiljeu. Hy is net allinnich ferneamd troch de kwaliteit fan syn poëzy, mar ek trochdat er faak en graach op it poadium stiet, syn wurk yn de iepenbiere romte te finen is en dat er de sosjale media noch better wit te brûken as de Amerikaanske presidint.… Lês fierder
de swolm mei gelokkige fiskjes swimt
him yn soppige ieren troch fruchtber fleis
dêr’t de poat in gewillige krún oplein wurdt
glimket it holtsje mei safolle tagedienens
skulfers út syn mouwen rûgelje rûnom
dêr’t er komt sjonge de muorren syn lof
de fiskjes lizze djoere kaviaar yn skroatum
roppich slikje wy ús fernoege om ’e mûlen… Lês fierder
Ik moast om njoggen oere komme. Yn Ljouwert op ’e Holstmarwei, ja, it plysjeburo. Net dat ik wat misdien hie of te hurd riden of sokssawat, nee, ik wie yn ’e falle rûn fan cyberkriminelen.
In wike earder hie ik dwaande west om de kompjûter nei te sjen en de oerstallige bestannen op te rêden. De mailboksen sieten ek aardich fol, dat dêr koe wol wat út. In goed begjin fan it nije jier, is’t net sa. Neitiid hie it mailprogramma frjemde kueren, dat ik belle mei de ôfdieling consumer-support. En nei in skoft hinne en wer praten en meisjen op myn skerm kaam alles wer yn oarder.… Lês fierder