Dirkje Brouwer

Ik seach it sân út myn eagen

logo.ensafh

Yn de Efteling dûke wy in wykein ûnder yn mearke-eftige sfearen. It is nostalgy foar ús, mar foar ús jongste de alderearste kear. Se sjocht har de eagen út. Yn de hotelkeamer hat se in toverring krigen en magyske inket en dat is al hielendal te gek. Wy laitsje allegearre om Holle Bolle Gijs en de trollekening dy’t in nuver taaltsje praat. It is foar ús pubersoan ek aardich om alles nochris opnij te belibjen, mar no mei syn lytse suske derby. Wy dompelje ús hielendal ûnder yn dizze oare wrâld. Silke fernuveret har dat se Sinteklaas tusken de mearkefigueren sjocht.… Lês fierder

Piter Boersma

Twa kaën

logo.ensafh

 

 

 

Dit gedicht stiet yn de gedichtebondel In wjukslach tsjin ’e blauwe loft fan Piter Boersma. Dizze bondel komt yn septimber/oktober út by útjouwer Hispel.

TWA KAËN

twa kaën tripkje
troch de keale foartún
pikke yn ’e grûn

se tripkje pikke
twa kaën yn ’e foartún
al tulpeblêden

tripkje en pikke
de grize achterhollen
tsjin de swarte grûn

twa kaën pikkend
de grize achterhollen
dan wer tripkjend

in spantsje kaën
even yn it foartúntsje
fleane alwer op… Lês fierder

Oene Spoelstra

De butler

logo.ensafh

 

 

Dit ferhaal is al publisearre yn Ensafh nr. 3 mei in weifallen ein. Hjirûnder is it komplete ferhaal te lêzen.

 

Swijend stiene se foar it grutte rút te sjen, menear Bentinck en menear De Beaufort. De mânske tún fan ’e bûtenpleats, famyljebesit fan Louis De Beaufort, lei fredich te wachtsjen op ’e nije besiker.

‘Soe dit wol wat wurde?’ preuvele menear De Beaufort yn himsels. Menear Bentinck hie it each net ôf fan it tichte sket oan it begjin fan de oprydleane.

‘Soe dit wol wat wurde, Adriaan? Hy praat allinne mar Ingelsk. En dyn Ingelsk is ek net al te bêst.… Lês fierder

Tomas Dalgaard, Martsje de Jong

Simmerfakânsje

logo.ensafh

 

 

It boek joech de skriuwer de skuld derfan
dat er net op fakânsje gie
Do bist in loaie sek dy’t noait ris fan ’e pôle komt
In selsynnommen klimaatfanaat
mei it idioate idee
dat je net fleane meie
Do hast noait tichter by Marokko west
as mei in klompe hasj
Ik kin it net ferneare om de simmerfakânsje
troch te bringen mei dy, it etymologysk wurdboek
en in bulte blastige dichtbondels
Ik wol swimme yn ’e Middellânske See
Sinne fiele op myn siden
en yn de strânbar kokosnútecocktails
sûpe mei in sûchreid
De skriuwer ûnderbruts it boek
Ik ha dy mear as ien kear foarsteld
om tegearre nei it hunebed yn Havelte
of te kuierjen yn de Keale Dunen
Ik ha ek faak genôch frege
oftst mei wolst te fiskjen
yn de Feinsumer Feart
Wurdt dêr net krekt warskôge
foar in grouwe laach blau-alch
en pfas-fersmoarging
by de fleanbasis wei
sei it boek obsternaat
Ik ferfeel my dea by dy fiskerij fan dy
De iennichste kear dat ik it moai fûn
Wie doe’tst dy stutst
oan in stikelbears
Moandeitemoarn flean ik nei Mallorca
om te feesten mei reisgidsen, thrillers en flutromans
Ik stjoer dy wol in kaart

 … Lês fierder

Jemke Visser

Kampearje

logo.ensafh

Dêr tink ik hjoed-de-dei gauris oan. Oer alle boegen is it sa folslein tsjinsteld oan wat ús faak út it wrâldbarren wei temjitte komt oan ûnwierhaftigens, oanstellerij, opkloppe wichtigens, beynfloeding of kleare foar-de-gekhâlderij. Fia de media hoege we der neat fan te missen. Fansels tink ik ek dêrby ek oan sa’n NAVO-top. Jonge, jonge, wat in fertoaning!  Moat dat no sa, mei Rutte syn beskamsume sjerpslikkerij, Willem en Maxima harren toanielstikjes, wylst se Trump fansels op in pypfol hawwe en dan ek noch dy syn allerfreeslikste one man show. Giet Poetin oait om lyk? Liedt it, as is it mar in krommeltsje, ta in bettere wrâld, nei mear omtinken en begryp foar inoar?  Lês fierder