… Lês fierder Kofjeskoft
Bekt lekker dat wurd, om it mar ris taalpopulêr te sizzen. Wêr wol ik no wer hinne? No ja lêzers, in kear wat oer mysels fertelle, as brûker fan deistige genotmiddels. Ut it deiboek fan in konsumint, sis mar, skreaun yn in Dostojevskiaanske grandioaze styl. Dan sil ik sterke bakjes sette moatte foar de konsumint, as dy der al is, dy’t myn wurden ta him nimme sil. Der wie in tiid dat ik net alle dagen – wáát … net iens alle wiken – kofje dronk. Ja, apart genôch, as jonkje fan tolve jier fûn ik it hearlik om jûns in stikje bôle mei snijwoarst te iten en dêr in bakje kofje by te drinken.… Lês fierder
Histoarysk Dichterspetear
Petear tusken de no fergetten dichters Abel Vlap en Tjalling Tiersma. Opname út 1933, beskikber steld troch Friedlinde Vriezema en har Poëzijlap.
Klik op de foto fan Friedlinde foar dit histoarsyk wichtige peatear.
Frijheid om te kiezen
De wurden fan 5 maaie golvje my noch troch de holle. Frijheid, frij om te sizzen watst wolst, frij om te dwaan watst wolst. Frij om te kiezen … wat ik wol.
21 Jier bin ik. Frou, folwoeksen en frij. Doe’t ik 15 jier wie woe ik al frij wêze, de see lonke. Ik nei de seefeartskoalle. En no moat ik it iene wurkstik nei it oare ynleverje, moat ik 6 wiken fan hûs foar staazje, moat ik myn Marcomsertifikaat helje.
Krij it hinne en wer! Frijheid is sels kieze.
ik nim dy frijheid en ik kies derfoar om yn it sicht fan de haven de hiele farderij de rêch ta te kearen.… Lês fierder
lekkers a/d lek
’t is skipperjen yn de massa
amper leit it pontsje stil
breedút simmeret de rivier
laden mei wolfeart en wille
hast it net op wetter stean
lekken en brekken spatte op
sjochst wyt skomjende koppen
‘wilt u iets drinken, meneer’
fytssteltsjes bestowe it swiet
fan de readrôze pipowein oan ’t wetter
ferlokkingen waaie frij yn de wyn
even flitst it swartwyt fan de bernetiid
griis de golf fan ôfwaaide praatsjes
grutte gatten strak yn de spikerbroek
sjochst skûljend achter de sinnebril
moaie skonken mei it blêd fol lekkers
taffeltsjes krije in wiete feech
‘dag vogels dag bloemen dag…’
foar de hûn gjin ‘lekkers a/d lek’
inkeld wetter om ‘e tosken

Foto: Harm Woelinga
Sa’n dei
Oan it natuerpaad dêr’t ik gauris rin stiet in lytse bungalow. Ik ha altyd niget oan de tún dêr. Allegear krûdige planten. Mar ek stinzeplanten as ayttablom, maitiidsblom, jufferkes. Grôtfol, gjin swarte grûn te sjen. Krekt myn tún. Diskear skrok ik. De frou dy’t dêr wennet lei langút tusken de planten. Har grutte bosk griis krolhier lei tusken it blau fan de ferjit-my-net. Se kaam krekt mei de holle omheech en seach my mei skrik yn ’e eagen oan. Ûnhandich besocht se oerein te kommen. Ik rûn op har ta en seach dat har spikerbroek dweiltrochwiet wie.
‘Nee nee,’ snokte se, ‘net wat jo tinke, hear!… Lês fierder
Voiteur
Dizze earste dagen fan maaie is it algeduerigen oarloch wat de klok slacht. Neist de freeslike hjoeddeiske aktualiteit komt der yn it ramt fan 80 jier befrijing wer fan alles oer de Twadde Wrâldoarloch foarby. Ik lies it resint ferskynde ‘De oorlog in stukjes’, in kar út Parool-Kronkels fan Simon Carmiggelt, gearstald troch syn soan Frank. Ja, fantastysk, wat in masterskip! Mar dat wist ik fansels al. Neist de oare ferhalen, benammen yn ’e kranten, fielt it suver as wiene je derby. Troch de subtile, o sa fyntsjes ferwurde, humor beseffe je boppedat dat it ek doe net allegear kommer en kwel wie en komme sa sûnder erch fleuriger oantinkens nei boppe, sa as dizze:
Nei ús pensjonearring begjin 2000 wiene we yn de lúkse posysje om ek bûten it heechseizoen ris even fuort, faak spontaan en net sa lang.… Lês fierder

